
Der binne auteurs dy’t sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk publisearje. It is fansels sa klear as in klûntsje dat se dat dogge om fan beide wâlen te iten. Ik formulearje it mei sin negatyf. Ik bin fan de Fryske literatuer en stel my foarearst op it stânpunt dat in Frysk skriuwer dy’t ek yn it Nederlânsk publisearret wat docht dat neidielich is foar de Fryske literatuer. De Fryske literatuer hat belang by literatuer yn it Frysk en dêrom is foar de Fryske literatuer in troch in Frysk skriuwer yn it Nederlânsk skreaune tekst in ferlerne tekst.
Fansels hat in skriuwer dêr neat mei te skaften, dy wol gewoan syn dingen dwaan. Dy wol literatuer meitsje en him manifestearje, oandacht lûke, lêzers krije, as skriuwer funksjonearje. En elke skriuwer docht dat op syn wize. Hy docht wat hy wol, wat hy tinkt dat goed foar him is. Prima. De Fryske literatuer wol wat en in skriuwer wol wat en dat moat allegear moai syn gong gean. En wat yn it belang fan de iene (de skriuwer) is hoecht net yn it belang fan it oare (de Fryske literatuer) te wêzen en oarsom. It is gewoan wat dêr’t men mei libje moat.
No kin men de fraach stelle, mar wa / wat hat it primaat, de skriuwer of de literatuer? De skriuwer fansels, it yndividu hat it primaat. Skriuwers, de yndividuen skriuwe, syn kreëarje de (Fryske) literatuer. De skriuwers binne de baas, net de literatuer.
Mar der is in Fryske literatuer en dy wol troch, de Fryske literatuer hat syn eigen dynamyk. Dy ynspirearret minsken om yn it Frysk te skriuwen, dy befrediget skriuwers net sadat se ek oars om sjogge.
Wy meitsje ús even net drok om it belang fan de skriuwer.
De fraach is hokker hannelingen fan in skriuwer – bûten dat er yn it Frysk skriuwt en dat er wat er skriuwt publisearret – bydrage oan de Fryske literatuer? Docht in skriuwer dy’t syn Frysk boek oerset yn it Nederlânsk en foar dy oersetting in plakje fynt by in útjouwer wat dat foardiel opsmyt foar de Fryske literatuer? Of mei in passive(re) rol foar de skriuwer – as in Nederlânske útjouwer op eigen inisjatyf of troch inisjativen út Fryslân wei in Frysk boek yn oersetting útbringt? Men kin tinke dat it goed is foar it prestiizje fan de Fryske literatuer – dy is ommers sa goed, dat dy sels yn it Nederlânsk útjûn wurdt – en dat it dêrom it tal lêzers fan Fryske literatuer fergrutsje sil, sadat it foar in skriuwer ynterssanter wurdt om yn it Frysk te skriuwen en it dus mear Friezen ynspirearje sil om yn it Frysk te skriuwen.
Dat dat net sa is, is dúdlik, de ferkeap fan Fryske boeken is de lêste jierren net omheech gien. Fryske skriuwers oer de grins bringe is foar dy skriuwers moai, mar foar de Fryske literatuer hat it oant no ta neat opsmiten. Neat? Miskien is dat dochs te koart troch de bocht. Miskien kin it dochs sa wêze dat in skriuwer noch fêsthâldt oan it skriuwen yn it Frysk om’t er troch de oersetting dochs wol oan syn trekken komt. Skriuwe yn it Frysk is dan gjin beswier, der komt allinne ekstra wurk achter wei.
De fraach is oft it foar de Fryske literatuer wat opleveret as in skriuwer ek op ’e Nederlânske en bûtenlânske poadia aktyf is?
It idee is dat de oandacht foar de Fryske literatuer oan de oare kant fan ’e Iselmar in wichtige ympuls is foar de Fryske literatuer yn Fryslân sels en dat de lanlike ynstânsjes troch dy oandacht der hurder foar rinne sille as dat se al dogge.
Ik ha der noch neat fan sjoen. Nee, it sil allegear net negatyf wêze, fansels net, mar it is winliken gegriem yn ’e marzje en jinsels foar de gek hâlde. Wa’t himsels wiismakket dat it oer de grins bringen fan ’e Fryske literatuer foar dy literatuer fan belang is lûkt him út de hurde wurklikheid werom dat de basis fan ’e Fryske literatuer sa smel, it plak dat dy literatuer yn Fryslân ynnimt sa lyts is. Yn myn eagen is it jild en de enerzjy dy’t brûkt wurde foar it oer de grins bringen fan de Fryske literatuer yn wêzen ferlerne enerzjy om’t dy net bestege wurdt.oan de basis. Besykje om de Fryske literatuer oer de grins te bringen is in flecht. Ja, it is dreech om yn ’e wurklikheid te stean. Jinsels wat wiismeitsje is de maklikste wei. Mar dy wei is deadlik.