
It noflike fan fakânsje is it leech meitsjen fan de kop. Jinsels ôfslute foar it nijs helpt dêr ôfgryslik by. Even gjin rampen, diskusjes, besmettings of fotomodellen dy’t út de kont prate.
Tagelyk fernimme jim oan sa’n opsomming al dat soks net tafalt. Hielendal net as je wer thús binne en fêste gewoanten de oerhân krije. It earste dat ik yn dy situaasje meikrige wie it delheljen fan de bylden fan Churchill en Columbus. Doe’t fuort dêrnei in toerist my yn Dokkum hifke hoe’t dy by it byld fan Bonifatius komme moast, frege ik my spontaan ôf oft dy dat ek ek delhelje woe.
Lês fierder by Omrop Fryslân