Beart Oosterhaven

It wetter om ’e tosken

logo.ensafh

As dit artikel online stiet, hoopje ik dat sjonger-lietsjesskriuwer Marcel Smit fan Burgum hast wer yn ’e ‘Alde Fryske Tsjerken’ te sjen wêze sil foar it twadde part (o/m desimber 2020) fan syn Noch mear muzyk-poadiumtoer. Suver mear noch as oare útfierende artysten, hat Smit nammentlik lêst hân fan it feit, dat er, troch de sûnt maart fan dit jier opleine koroanamaatregels, in skoftlang net ‘by’ syn publyk komme koe!

Rige optredens

Marcel Smit hie op 31 jannewaris 2020, yn in folle tsjerke fan Baaium, in moanne foar it útbrekken fan ’e koroanakrisis, krekt syn jongste cd-album Noch mear muzyk presintearre. Dy presintaasje soe de start wêze fan in hiele rige optredens, fan ’t maitiid, yn oare (eardere) godshuzen fan ’e dit jier jubilearjende Stichting Alde Fryske Tsjerken (1970-2020). In poadiumtoer, dy’t him oant ein juny yn ûnder mear Holwert, Ferwâlde, Britsum, Haskerdiken en Olterterp bringe sillen hie.

Aldergeloks hat merklieder Omrop Fryslân it tredde album fan Marcel Smit – earder ferskynden Muzyk (2011) en Mear muzyk (2014) – goed ‘oppikt’ en wurdt foaral it nûmer ‘Bearenburch’ in soad draaid. Dat, ‘it Fryske publyk’ hat, nettsjinsteande alle koroanatûkelteammen, dochs kennis nimme kinnen fan Smit syn nijste ‘muzyk’.

Amearika en De Wâlden

Op Noch mear muzyk binne 12 nûmers te hearren. Sân lietteksten binne alhielendal fan ’e hân fan Marcel Smit sels. Fjouwer lieten hat er basearre op wurk fan goede artysten út foaral de wrâld fan ’e country– en Americana-muzyk, en ien tekst, ‘If It Hadn’t Been For Love’ fan Chris Stapleton, fiert er, ûnder de titel ‘As it net foar leafde wie’, op it album net allinne út mei syn konfraters Gurbe Douwstra en Piter Wilkens, mar hat er yn ’e mande mei dy hearen ek oerbrocht yn it Frysk! Dat lêste komt fansels, om’t de trije mannen yn koroanafrije tiden ek geregeldwei mei-inoar op ’en paad binne, en dan it lietsjesprogramma ‘Frisikana’ (in troch Gurbe Douwstra betochte fariant op ’e al neamde term ‘Americana’) oer de fuotljochten bringe (dêr’t ‘As it net foar leafde wie’ ek yn sit).

Muzikaal komt Marcel Smit syn ynspiraasje dus foaral fan ’e oare kant fan ’e Atlantyske Oseaan, sis mar de midden- en súdlike steaten fan Amearika. Ik kom dêr aanst noch op. Tekstueel bliuwt Smit folle tichter by hûs. Winlik al syn lietsjes binne, lykas op syn eardere albums, nammentlik situearre yn ’e Fryske Wâlden (De Westereen), dêr’t er hikke en tein is. My tinkt, de kar foar dat ôfbeakene geografysk gebiet, kin allinne mar posityf beoardiele wurde! Troch dy kar foar ‘De Wâlden’ bliuwt Smit ommers ticht by himsels, wit er krekt wêr’t er it oer hat, hoecht er him nearne te forsearjen en wit er yn syn oersettings ek oertsjûgjend de transysje te meitsjen nei de couleur locale fan syn bertestreek. Sa hat er Brent Cobb syn nûmer ‘South Of Atlanta’ sels de titel ‘De Wâlden’ jûn! Elk kin fan tinken wol hawwe, dat by Cobb in hiel oare strofe stean moatten hat, as wat Smit dêre, as wjergader, fan makke hat:

Der is in krite yn Fryslân, rûnom ferneamd
Op it sân tusken pingo’s ûntkomt harren neat
Fan hearren en sizzen wurdt stjerrende wier
Sûnder nijs út De Wâlden krijt in krant’ it pas swier.

Behalve it yn syn epyske (ferheljende) teksten kultivearjen fan alle stereotypen dy’t mar oer De Wâlden en ’e Wâldlju te betinken binne – wat my oanbelanget dus folslein terjochte! – ‘docht’ Marcel Smit ek oan it skriuwen fan net te min hiele moaie, lyrysk-gefoelige, rigels. Ik neam in pear foarbylden:

Ik gean gauris even nei myn plakje
Dan kom ik thús dêr earne oan ’t kanaal
Sâlte triennen yn it swiete wetter
En fûgels dy’t net freegje nei ’t ferhaal.
(Ut: ‘Oan ’t kanaal’);

De ien’ is yn de prizen
Wylst de oar’ de prizen wint
Ien rint noch yn it bloeske
De oar’ al yn it lêste himd.
(Ut: ‘Ingelding’)

en:

Ik stoarmje as in trein troch de nacht
Do noch folle hurder troch myn holle
Ik wie de okse dy’t neat sei
Ik seach net hoe’t it derhinne lei
No nimt in oar dy samar mei.
(Ut: ‘Leafde en whisky’).

Oan ’t (country)rocken

Op 28 febrewaris 2015 haw ik op dit plak, nei oanlieding fan syn twadde album Mear muzyk, in artistyk en muzikaal ferbân lein tusken Marcel Smit en ’e Amerikaanske sjonger-lietsjesskriuwer John Hiatt (Indianapolis 1952). En dan benammen wat oft de akoestyske Americana-kant fan Hiatt oanbelanget, sa’t dy te hearren is op bygelyks syn albums Walk On (1995) en Crossing Muddy Waters (2000). Dy ‘ferliking’ woe ’k no nochris trochsette, en dan wat oft de stevich rockende kant fan Hiatt oanbelanget, sa’t dy ta uting komt op ’e albums dy’t er mei syn begeliedingsband The Goners makke hat: The Tiki Bar Is Open (2001) en Beneath This Gruff Exterior (2003).

Marcel Smit is op syn jongste album allyksa (frijwat) mear oan ’t (country)rocken as op syn earste beide platen! My tinkt, dat is méi te tankjen oan it treflike wurk fan ’e muzikanten dy’t him op Noch mear muzyk bystean, te witten: Wander van Duin (bas, gitaar, mandoline), Johanna Hamstra (banjo), Joost van Es (fioele) en André Sommers (pedal steel), mar foaral oan Ruben Soer (drums) en ’e sterke Jelmer Haringsma (elektryske gitaar, lapsteel). Op sa’n ‘wize’ krijt de moai-natuerlike, karakteristike sjongstim fan Marcel Smit, krektlyk as dy fan John Hiatt yn ’e kontekst fan The Goners, de meast passende ynbêding. Alles mei-inoar leveret dat dan in geweldich goed by Smit syn timbre oanheakjend lûd op. In synteze fan stevige, slepende rootsy countryrock en bluegrass, dêr’t Gurbe Douwstra (ik sei it al) net om ’e nocht te uzes de term ‘Frisikana’ foar betocht hat. Foegje dêrby de poerbêste opnametechnyk en produksje troch Martijn Engbrenghof, de mastering mei ‘ear’ foar it detail troch Pier Durk Hogeterp yn ’e ferneamde Wisseloord Studio’s te Hilversum, en men hat oan Noch mear muzyk in album dat jin by it ôfspyljen it wetter om ’e tosken rinne lit!

Hoewol’t it hjoed-de-dei, mei alle streamingtsjinsten fia it ynternet, net sa fanselssprekkend mear is dat der (fysyke) cd/lp-albums útbrocht wurde, is it opmerklik dat ferline jier mei Sytse Haima syn Tsjin better witten yn?, Gurbe Douwstra syn Op ’n paad, en dit jier dus mei Noch mear muzyk fan Marcel Smit, frij koart efterinoar, trije kwalitatyf heechsteande Frysktalige albums ferskynd binne. De Fryske sjonger-lietsjesskriuwers lykje foarearst dus noch net ‘útpoept’ te wêzen. Dat is, wat my oanbelanget, ek nei de koroanatiid, in skoander ding om te witten. En no dus yn alle gefallen mar op nei it earstfolgjende live-konsert fan Marcel Smit syn poadiumtoer yn ien fan ’e moaie ‘Alde Fryske Tsjerken’!

Marcel Smit: Noch mear muzyk (cd); Eigen behear; Burgum 2020; www.marcelsmit.frl
ynfo@marcelsmit.frl
www.aldefrysketsjerken.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *