
“Wilt U niettemin de oefening voortzetten, toets dan de daartoe verstrekte kode in.”
– Se komme tichtbery, âle Boskma, dy’t de muzyk no sacht set hie, dat it troanstaal net folle desibels mear by te setten hie. Noch efkes en har beskieden lûd soe de motor fan ’e tredde hâns Talibantank fan Amerikaanske makelij oerstimd wurde.
– Skrolle, skrolle, balte Desiderius.
“Raadpleeg voor de kode het rapport dat U medio 2006 door de Begeleidingsdienst is toegestuurd”.
– Ik sjoch se al, rôp Boskma, noch in kilometer, dan ha se ús te pakken.
– Ik skrol ik skrol, balte van der Balk.
“Of bel bij urgente alarmgevallen it volgende nummer”, en der ferskynde in rige nûmers op it skerm. Ik skroll dus ik bin, tocht Desiderius. Van der Balk skuorde syn mobyltsje út ’e bûse fan syn himd, wylst syn machtige boarstkas ferheftich op en del gie. Hy toetste de nûmers yn, de ferbining kaam ta stân. In neutrale stim sei mei in licht Haachst aksint:
“Voor vragen aangaande bediening van het door U aangekochte produkt, toets 1.”
– O nee, krimmenearre Boskma, wylst de oaren sssst rôpen.
“Voor vragen betreffende technische mankementen waarbij een beroep op de garantie kan worden gedaan, toets 2.”
“Voor vragen betreffende technische mankementen waarbij geen beroep op de garantie kan worden gedaan, toets 3. Uw garantiedatum staat op uw aankoopbewijs vermeld,” sei de mobile stim helpfeardich.
“Voor vragen betreffende de afbetaling van uw produkt, toets 4.”
“Voor vragen betreffende de bediening van uw produkt, toets 5.”
“Voor noodgevallen en alle overige gevallen, toets 6. Bedankt voor uw geduld.”
As in spear drukte Van der Balk de 6 yn, mei sa mooglik noch mear oertsjûging as doe’t er de knop foar it lansearjen fan raketten yndrukt hie. Bûten har eigen tank wie wyls de draaiende motor fan ’e fijanlike tank te hearren. Der klonken metalige lûden, wylst de mannen yn deadsneed de mobyl beharken:
“Op dit moment zijn al onze medewerkers in gesprek. Een ogenblik geduld alstublieft”, en de mobyl gie oer op ’e fleurige toanen fan Frans Bauer syn nûmer “Een trein naar niemandsland”.
Op dat stuit spatte de doar fan ’e tankkoepel, dy’t tagong joech ta de tank, útinoar. De mannen lieten har op ’e flier falle. In swarte reek en krûdstank benaam har de siken. De reek waard tinner, en Boskma seach omheech. Ferskate lopen fan Kalashnikovs wiisden de opbouwurkers ûngastfrij yn ’e freet. It begryp tusken de folken makke dat de mannen op ’e grûn it gebrul fan ’e Taliban korrekt ynterpretearren. Se stutsen de hannen omheech. In woeste burdman yn woastynkaki kleden meneuvele dat se nei bûten komme moasten. Stadich klom de trijekaart út ’e tank. De hitte wie om te smoaren. Yn de tank hie de airco in beskaafde Europeeske temperatuer hanthavene. De 44 graden fan ’e woastyn foel har rau op it dak. Se kochelen fan ’e reek en fan ’e hite woastynwyn. Seis goed trochsmarde Kalashnikovs holden har ûnder fjoer. De fijannen like wol in seisling. Se seagen der allegear itselde út. Ien fan har lei syn wapen del en fouillearre har. De stiletto dy’t Desiderius by syn eale dielen ferburgen hie, fernamen se net, want it taboe op homoseksualiteit makke dat se dêre net sochten. Wylst dêr no krekt it measte te heljen falt. De hannen waarden har doe op ’e rêch fêstmakke mei himptou. Boppedat waarden se ek mei touwen oaninoar fêstmakke, dat se as in tryste karavaan fan himp tusken de burdmannen mei har Kalashnikov’s troch it sân fan ’e woastyn wâden. Ja, deselde Geneefske konvinsje dy’t it Amerikaanske bruorfolk fan Guantanomo Bay ûnbekend wie waard ek troch de Taliban negeard. En wie it tou wol Arbo-proof? Boskma hie der in skalk each op. Ien fan ’e burdmannen hie syn CD-spiler stellen en harke mei sichtbere wille nei de muzyk fan Thronstahl.
Nei in skoftke rinnen bedarren se by de fijanlike tank. Dêr moasten se yn klimme. Op ’e hurde izeren boaiem moasten se har deljaan. Se waarden no deun opinoar fêstbûn as hjerrings yn in ton. Twa Talibans holden har ûnder skot, wylst in tredde de tank bestjoerde. Wêr’t de oare trije Talibans wiene, wisten se net, oant har efkes letter it fertroude motorlûd fan har eigen tank yn ’e earen klonk. Fansels, de oare trije Talibans sieten yn har Nederlânske tank, fierden dy as in oarlochstrofee mee nei de tsjustere hoalen yn ’e brún-giele bergen dêr’t se taholden: it Hindu Kush-berchtme. Marco Polo wie der op syn reis nei Sina noch delkommen, mar hy waard troch de grutte Koeblai Khan better ûntfongen as ús opboumisjonarissen troch de Taliban. Marco Polo kaam dan ek as in gast, net mei in Kalashnikov en in tank of wat dêr ek de midsieuske wjergaders fan wiene. Desiderius hie in blaumoandei Ingelsk studearre, fanwege de chicks, mar doe’t dy allegear tige deugdsum en kristlik blykten, wie er útpykt. Mar it gedicht fan Coleridge oer Kublai Khan fûn er moai. en hy kende it sels no noch út ’e holle. Hy lústere sêft:
And ‘mid this tumult Kubla heard from afar
ancestral voices prophesying war!
Blykber hie ien fan ’e mannen it heard. Desiderius kromp yninoar, bang foar de dreun mei it heft fan ’e Kalashnikov. Ynstee dêrfan sei de Afghaan dy’t de baas skynde te wêzen:
It was a miracle of rare device
a sunny pleasure dome with caves of ice.
En de Afghaan ferfette:
– Mar no stil wêze, oars krigest in dreun fan myn Kalashka. Wy prate aansen wol.
De mûle foel Desiderius iepen fan fernuvering. Hoe koe it dat dizze burdman Ingelsk spruts? De tank snuorre fierder, en nei twa oerkes riden holden se ho. Ien foar ien klommen se út ’e tank. Se stiene op de helling fan it Hindu Kush-berchte. In steil krinkeljend paad rûn nei ûnderen ta, dêr’t it útkaam yn in droege rivierbêding. Camp Holland wie hjirwei net mear te sjen. It wie ek wat minder waarm, no’t se wat op hichte kamen. Boppedat stiene se yn it skaad fan ’e steile helling. De tank waard ien fan ’e talleaze grotten ynriden en kamûflearre mei griis-brune Perzyske kleden. De mannen moasten meikomme de grot yn. Nei in pear minuten rinnen kamen se yn in fallei dy’t oan alle kanten troch steile berchwanden ynsletten wie. It wie in fruchtbere plak. Blykber koene se de fallei, in foech oase yn ’e stiennige krite, yrrigearje mei in wetterput. Der stiene dadelbeammen en oliifbeammen. Froulju ferpakt yn Burka’s wiene oan it waskjen. In fredich taferieltsje. Gjin minsk soe riede dat selsmoardoanslaggen it produkt wiene fan gewoane minsken. It griep Desiderius yn it moed as er betocht hoe’t er skraach tegnjirdde waard tusken sawol de ekstreme oarder fan burokraten en jildlju dy’t alles deasloegen mei jierplannings en merkwurking en de ginnegapjende barbarij dy’t mooglik wie as yn namme fan in Ideaal de ierde yn brân set waard en in nije wrâldreligy har spoaren yn it mysterieuze skûlliif fan ’e ierde luts, dat oars net wie as de hollen fan yn prinsipe ûnskuldige manlju en froulju. Allegear darkwave, tocht er, en hy frege him ôf oft er soks mei tsjusterweach of kweaweach nei it Frysk oersette moast.