Anne Feddema

Winsk fan in skilder (1)

logo.ensafh

It teäterbarren yn Ierlân siet derop foar keunstner Fedde Annema. Hy koe no einlings nei de oare kant fan it lân, om noch te genietsjen fan in pear frije dagen. De National Gallery yn Dublin wie syn doel. De kolleksje fan it museum wie wrâldferneamd en omfieme wurken fan skilders as
Mantegna, Caravaggio, Titiaan, Vermeer, Rembrandt, Monet en Picasso. Hokfoar snobbersguod hienen hja eins net?
Mar ja, mar ja, mar ja! It wie Fedde Annema fansels…en op ‘e dei dat de skilder yn Dublin oankaam, gong de stêd wer yn in faze fan de sabeare lockdown…mear locktown.
Fedde hie it lêste nijs net folge om’t it sa’n drokke gekkeboel west hie. Hy rûn troch in oars hiel libben plak dat no yn besit naam like troch geasten mei maskers foar. De skilder moast tinke oan de roman fan Alfred Kubin…die andere Seite út 1909.
Deselde dreamsfear seach er om him hinne…gewoan oerdeis.
Dy Kubin, dat hie wiswier, in grut sjeny west.
Sa’n roman skriuwe en dan ek nochris dy tekeningen fan him, wát in ferbyldingskrêft, gewoanwei fisjonêr.
De wurden fan it lytse mantsje mei de grutte pet by de yngong fan it museum, kamen hurd oan.
Spitich…mar fanwegen Covid wie it museum krekt in heal oerke lyn tichtgongen.
‘ Mar…ik kom foar Caravaggio…it masterwurk!…en…én it atteljee fan Francis Bacon…ien op ien wer opboud hjirro.’
It mantsje seach him no ferheard en fernuvere oan en andere: ‘Dat is hjir net menear…dat is yn the Hugh Lane…Dublin City Gallery…mar dát is spitigernôch ek ticht…jo treffe it net.’
Ticht…ticht…ja hallo. En in stimke yn Fedde Annema sei: ‘ Gean der gewoan hinne…toe ju.’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *