
Foaropwurd
fan freed 1 febrewaris 2008
Op ’e foarige ôflevering stie al in bydrage mei de oantsjutting ‘foarpublikaasje’. Op dizze Farsk stean trije. It is ús stribjen om fan safolle mooglik literêre útjeften dy’t op ferskinen stean in fragmint of gedicht as foarpublikaasje te pleatsen.
Wy wolle de sinjalearfunksje fan Farsk fergrutsje en dy foarpulikaasjes foarmje dêr in ûnderdiel fan. Sa sille wy meikoarten mei in aparte rubryk foar it koart sinjalearjen en beskriuwen fan útjeften en artikels út ein sette en nêst de rubryk Teleks ek mei in (literêre) aginda.
By it boppesteande slút oan de publikaasje op de dei sels fan de Alvestêdegedichten dy’t skreaun binne yn it kader fan de Nasjonale gedichtedei op 31 jannewaris.
De foarpublikaasjes binne twa poëzydebuten by en dêrnêst in romanfragmint fan Meindert Bylsma. It ferskinen fan de roman fan Bylsma sit in bysûnder tintsje oan. It is de lêste útjefte fan de Koperative Utjowerij.
Foar it earst stiet op Farsk in ferhaal fan Bert Bakker. Ferline jier ferskynden twa ferhalen fan him yn Hjir. Yn nûmer 104 waard foar it earst in oersetting fan Heidi publisearre fan in gedicht fan Obe Postma nei it Dútsk ta, no wer ien. En dan is ek de twadde kollum fan Skermer te lêzen.
Pinepunten
Wy wolle per ôflevering yn alle gefallen ien of twa ekstra kollums pleatse. Dat is dit jier oant no ta lizzen bleaun. Dizze nije ôflevering is spitigernôch gjin besprek op te finen. De nije redaksje docht syn bêst mar hat noch net alles op ’e rails.