Jelma Knol

Under Hildegards tsjoen: Taspraak by in boekpresintaasje dy’t net trochgyng

logo.ensafh

Piter Boersma hat mei syn nijste dichtbondel, Under Hildegards tsjoen, wer ris foar in unikum soarge yn de Fryske literatuer. Yn 312 kwatrinen fertelt er it ferhaal fan syn fassinaasje foar Hildegard fan Bingen, in tolfde-iuwske mystika en abdis. Hy hat keazen foar in literêre foarm, it ferheljende lange gedicht, dat nei it begjin fan de 19e iuw, mei de opkomst fan de roman, hurd yn it neigean rekke. Dat is op himsels al unyk.

Wa’t fan dizze bondel genietsje wol, krijt fan my hjirby trije advizen mei. Lês de bondel fan it begjin ôf oant de ein. Dan earst krijst de grutte line te pakken en krijst ek each foar de spanningsopbou fan it gehiel. As dichter hat Piter Boersma yn syn oeuvre sa njonkenlytsen in foarkar ûntwikkele foar strange foarmen. It kwatryn is sa’n foarm, mar Boersma heakket dêr noch in pear sels oanrette saken oan ta. Hy brûkt gjin haadletters en ynterpunksje. Jo moatte bygelyks mar út de kontekst opmeitsje dat De Kern in teaterselskip is. It metrum en it tal wurdlidden per rigel (altyd alve) is sa twingend dat taal en sinsbou har der sa út en troch oan oanpasse moatte. De taal is oer it generaal modern Frysk. Neat gjin ‘Hildegard har kleaster’ mar ‘Hildegards kleaster’ en út en troch sels ‘Hil’, om mar wat te neamen. Somtiden kinst in kwatryn mar it bêste ris lûdop lêze om dy te realisearjen wat der no krekt stiet. Mar dat went en it heart al gau tige natuerlik. Steurend is wol it frij grutte tal printflaters, b.g. utlime yn stee fan ultime en soms ien dêr’t logyskerwize in heart te stean. Mar dat kin mooglik noch wolris ferholpen wurde. De stilearre tekeningen fan John Bosma yn de bondel en syn geweldich omslach, dêr’tst ôfwikseljend in oplôgjend fjoer, in frou op ’e knibbels en noch wol mear as dat yn sjen kinst, meitsje Under hildegards tsjoen ta in moai fersoarge gehiel.

As foar dy as lêzer Hildegard fan Bingen in nij ûnderwerp is, is it tûk om om earst ris wat te googlejen op har libben en wurk, om de ôfbyldings te besjen dy’t yn har tiid makke binne fan har kosmyske fisjoenen en om nei har muzyk te harkjen. Keapje wer ris in cd! Foar tsien euro hast al A feather on the breath of God te pakken mei himelske sang fan Emma Kirkby en The Gothic Voices. En ta einbeslút: in reiske nei de Rijn, nei ûnder mear de plakken dêr’t har kleasters stiene, is foar it lêzen en genietsjen fan Boersma syn wurk ek net ferkeard.

Hildegard fan Bingen is in fenomeen dat mear moderne keunstners oansprekt. Oant hjoed-de-dei wurde toanielstikken en opera’s oer har wurk skreaun, wurdt har muzyk sa autentyk mooglik útfierd en har wurk bestudearre, soms yntegraal, troch wittenskippers as Etty Mulder dy’t lêsten ferstoarn is, soms wat mear spesjalistysk, as it om de muzyk giet, byg. ien fan de begripen dy’t de spiritueel ynstelde leek oansprekt, is Hildegard har grienkrêft of viriditas: har leauwen yn en kunde fan de natuer. In moaie yntroduksje is de film Vision – Aus dem Leben der Hildegard von Bingen fan Margarethe von Trotta.

Piter Boersma, de dichter, libbet mei Hildegard, benammen as er mei pynlike skonken syn tocht omheech nei ien fan har wenplakken opklimt, nei de Disibodenberch dêr’t har kleaster stien hat:

Kwatryn 121:
Efterútrinnend wer nei ûnderen ta
As koe ik my net losmeitsje fan it ljocht
Wis it wiene fansels myn wrakke knibbels
Mar no hie ik dêrboppe fûn wat ik socht

122
De sinne is foar my it libbene ljocht
Disibodenberchs sprankels op myn holle
It begryp is my troch hildegard oanbrocht
Sa’t ik dêr doe siet soe ik stjerre wolle

Soms is de fassinaasje foar Hildegard de obsessive kant it neist:

274
As ik mei in gedicht oer har dwaande bin
Is it as sit hildegard ticht tsjin my oan
Troch myn klean hinne fiel ik har liif
Stribje ik omraak nei in glimkjende toan.

Dúdlik wurdt by it lêzen fan Under Hildegards tsjoen dat de dichter him ynlêzen hat yn alle aspekten fan har libben en wurk en ek yn de talrike stúdzjes dy’t oer har ferskynd binne. Hy wit dat it Hildegardskleaster boppe Rüdesheim fan 1911 is en dat se dêr nea west hat. Yn Rüdesheim binne har ûnsichtbere spoaren miskien noch it bêste nei te fielen by de âlde tsjerke yn it stedsje. Piter Boersma wit ek dat yn de oerlevere manuskripten fan Hildegard net har eigen hânskrift werom te finen is. De yllustraasjes fan de kosmyske fizjoenen fan Hildegard fan Bingen binne troch oaren makke. Mar yn har wurk is godstsjinst en moraal, ensyklopedyske midsiuwske wittenskip en skientme ta ien gehiel bondele. Wa’t dizze geniale mystika wie dy’t rie joech oan pausen en keizers, bliuwt in mystearje dêr’t wy, 21e-iuwers in pear glimkes fan opfange kinne. Miskien is Hildegard fan Bingen wol in kontenerbegryp. Mar har ynfloed wurket noch altyd troch. Hoe’t lettere keunstners, byldhouwers en skilders Hildegard yn byld brocht hawwe is ek by Piter Boersma nei te lêzen. Hy dielt syn fassinaasje foar har mei gâns oaren. En dat wylst er it roomske leauwe fan syn bernetiid al hiel lang lyn achter him litten hat. It is it wjerstribbich sjeny fan Hildegard fan Bingen dat him oansprekt, net de roomske poespas. De libbensfeiten oer Hildegard dy’t er neamt yn syn kwatrinen, litte sjen dat Hildegard fan Bingen in moedige frou wie dy’t net benaud wie om sa út en troch folslein har eigen gong te gean. As se in ekskommunisearre deade in kristlike beïerdiging jout, is dat tsjin de lear fan de tsjerke yn. As se skriuwt oer seksualiteit is dúdlik dat se alles wit fan it minsklik lichem, ek fan de man en sûnder ‘preutsheid’ sprekt se har út oer de geslachtlike omgong, dy’t se foar geastliken fansels wol ferbiedt. Hildegard fan Bingen is krekt as Franciscus fan Assisi in hillige (sy is resint hillich ferklearre troch de earste Dútske paus ea) dy’t wat wjerstribbichs hat, gjin brave katolike ‘kwezel’.

Tsjintwurdich, yn it benearjende mentale klimaat dêr’t wy yn libje, mei syn gedachteplysjes en cancelkultuer dy’t fan literêre taeigening in deasûnde meitsje en wat noch mear net, is it hearlik dat in man him sûnder sjêne ferdjippet yn it libben en wurk fan in froulike keunstneres en mystika. Yn it gefal fan dizze kwatrinebondeling kin opmurken wurde dat Piter Boersma dêrby ynspirearre is troch syn trouwe muze Jeltsje. Hy jout dêr yn syn wurk ek rekkenskip fan. Al yn it earste kwatryn komt de oanstichtster fan syn Hildegardfassinaasje om de hoeke te sjen: Jeltsje Boersma.

It hildegardkleaster heech boppe rüdesheim
In wiid útsjoch oer de delte fan de ryn
As fûgels yn in kouwe woe myn frou ha
Songen de nonnen de vespers tear en fyn

It wie Jeltsje dy’t nei it toanielstik oer Hildegard fan Bingen fan De Kern ta woe (kwatryn 36 en 37). Wy ha itselde stik sjoen en ek in soartgelikens reiske lâns de Ryn makke. Dy sjongende nonnen yn Rüdesheim binne in magyske ûnderfining: jo hearre se wol, mar se steane earne ferburgen opsteld en stjoere har sang ûnsichtber de tsjerke yn. Wa kin dêr net ûnder de tsjoen fan Hildegard komme? Unsichtbere sang: it is suver symboalysk ast it oer de froulike stim yn de keunst en religy hawwe wolst. Soms oerfalt it dy ûnferwachts, lykas ûnder dy fespertsjinst yn Rüdesheim. Hie Piter Boersma sûnder syn frou Hildegard fan Bingen ûntdutsen? Hiene de aktrises fan De Kern Hildegard fan Bingen op it toaniel brocht as se fanwege harren lesbyske achtergrûn net in spesjale affiniteit mei it froulike kleasterlibben en de sterke froulju út dy tiid hân hiene? Kinne wy, oer acht, njoggen iuwen hinne, de stim fan Hildegard noch mei rjocht en reden as froulik identifisjearje? En hat soks doel?

Hjir past as yllustraasje in anekdoate út myn eigen libben. De KFFB-roman ‘In libben as Styntsje’ waard ûnder pseudonym publisearre, ik seach it boek foar it earst by in boekekream dêr’t Dick Eisma achter stie. Ik klapte it boek dat my daliks al yntrigearre iepen en lies fuortdaliks in passaazje dêr’t ik pikefel fan krige. Ik hearde in fertroude stim, letterlik. Blêdzjend troch de roman trof ik tal fan útdrukkings oan dy’t yn myn famylje, oan myn heitekant, hiel gewoan binne. Ik siet by Dick te fiskjen wa’t it boek skreaun hie, hy woe it net sizze, ynteger as er wie. Ik kocht it doe net, der hiene krekt in pear stjergefallen yn de famylje west en ik tocht: ‘As ik dit lês, reitsje ik te bot fan slach en dêr haw ik gjin ferlet fan’. Letter fûn ik de passaazje dy’t ik as earste lêzen hie werom yn in famyljeboek. It wie it begjin fan in (nea ôfmakke) autobiografysk ferhaal fan ús beppe Meintsje, skreaun lykas wenst yn it Frysk. De roman wie skreaun troch myn omke Jacobus Knol, dy’t gebrûk makke hie fan famylje-ûndersyk, ferhalen, oantinkens en ek oantekens. Ik hie in bekende stim heard, dêr hie ik my net yn fersind. Mar hie ik it lûd fan in frou heard? Nee, dat wol my earlik sein net heuge.

Wat Hildegard fan Bingen oanbelanget: mei har mystike kant, ta utering kommend yn har muzyk en har kosmyske fisjoenen oerstiigde se de grinzen fan de tsjerklike dogmatyk. It is benammen dat aspekt én it feit dat se har eigen gong gyng sûnder har wat oan te lûken fan de hiërargyske ferhâldings dat har libben en wurk sa oantreklik makket. Mar der wiene fansels ek manlike mystisy. De froulike stim, bestiet dy, ja of nee, it bliuwt yn wêzen in riedsel. It bliuwt ek saak om altyd wach te wêzen, op lytse, soms ferburgen oanwizings dy’t samar wat bleatlizze kinne.

Yn Wiuwert, yn de húshâlding fan Piter en Jeltsje Boersma stiene twa geniale froulju, keunstneressen en wittenskipsters, yn de belangstelling: Maria Sybilla Merian, dy’t foar 1700 in skoft by de Labadistegemeente yn Wiuwert wenne en de lêste tweintich jier Hildegard fan Bingen. De syktocht nei dy twa froulju is by de Boersma’s in serieuze oangelegenheid. Ek alles wat fan Merian yn print ferskynd is, wurdt sammele en alle tentoanstellingen oer har wurk wurde besocht. Merian har ferneamde reis nei Suriname dêr’t se de metamorfoaze fan de ynsekten op de tropyske plantewrâld tekene, stiet mooglik altyd noch op it ferlanglistke om nei te dwaan.

Dat dy fassinaasje foar Hildegard no ek yn Piter Boersma syn literêr wurk foarm krigen hat, jout hope foar Maria Sybilla Merian. De fassinaasje foar Merian hat alles te krijen mei it feit dat Jeltsje Boersma jierrenlang rûnliedings joech en eksposysjes organisearre yn de ‘mummytsjerke’ fan Wiuwert. De Labadistesekte húsmanne in skoftlang op Thetingastate en dêr sieten ek ferneamde froulike oanhingers by, lykas Maria Sybilla Merian en Anna Maria van Schurmann. Moaie ûnderwerpen foar de útstallings yn de tsjerke en foar de begeliedende teksten dy’t Jeltsje Boersma skreaun hat.

Dit foarjier waard ik 65 jier âld en ik mocht fan mysels in moai kado útsykje: de faksimilee-útjefte fan Maria Sybilla Merian har boek oer de metamorfoaze fan de Surinaamske ynsekten. In keunstwurk dat tagelyk fan grutte wearde foar de wittenskip is. Neist alle kommersjeel nijsgjirrige planten dy’t se grif op de plantaazjes yn Suriname sjoen en tekene hat, lykas de banaan, ferskate sitrusplanten en de katoenplant stiet der noch in oare plant yn. De Flos Pavonis bygelyks. De koarte omskriuwing by de plaat is de muoite wurdich om yntegraal te sitearjen.

DE XLV. AFBEELDING.
Deze Flos Pavonis , is een plant negen voeten hoog , draagt geel en roode bloemen ; het zaad word gebruikt voor Vrouwen die in baarens-nood zijn , om den arbeid voort te zetten. De Indianen , die niet wel gehandeld worden , als ze by de Hollanders in dienst zijn , dryven daar mede haare kinders af , niet willende dat haare kinders Slaven zijn , gelyk als zy. De swarte Slavinnen van Guinea en Angola , moeten al heel heuslyk getracteert werden , of sy begeeren geen kinders in dezen haren slaafsen staat , krygen ook geen , ja sy brengen haar zelven by wylen om het leven , wegens het gewoonlyke harde tractement dat men haar aandoet , want sy zyn van gevoelen , dat sy in haar Land van haare Vrienden in een vreijen staat wederom herbooren zullen werden , gelyk sy my uit haar eigen mond onderrecht hebben.

De rupsen , die zig onthouden op deze plant , zyn licht zee-groen , eeten deszelfs groene bladen. Den 22. January 1700. hebben sy haar zelver neder gelegt , en zyn tot bruine Poppetjes geworden ; den 16. February quamen graauwe Motten of Uilkens daar uit , zuigende met haren snuit de Honing uit de Bloemen ; gelyk boven een vliegend vertoond wordt.

Wittenskip en keunst yn ien gehiel. Merian fertelt by har wûnderbaarlik moaie plaat in skokkend ferhaal oer seksualiteit en ûnderdrukking dat yn dy perioade by myn witten net earder ferteld is:
“gelyk sy my uit haar eigen mond onderrecht hebben”. Tichterby de eigen stim fan de Yndiaanske en swarte froulju yn Suriname om 1700 hinne, kinst net komme. Der falt in soad oer dizze tekst te sizzen. Wat ik ûnder mear opmerklik fyn, is dat Maria Sybilla Merian har ferslach saaklik en kompakt werjout. Moralisearje yn kristlike sin hie bêst kind, mar dat docht se net. Oer in ‘female gaze’ sprutsen.

Hildegard fan Bingen, de mystika, en Maria Sybilla Merian dy’t har echtgenoat achterliet om nei Suriname mei syn tropyske plante- en bistewrâld te gean, foarmje in grutte treast. Der wiene yn dy benaude en hurde tiden froulju dy’t har ljocht net ûnder de nôtmjitte stutsen, dy’t de ‘obstacle race’ oangyngen en wûnen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *