Utrikking Rink van der Velde-priis

logo.ensafh

De twajierlikse Rink van der Velde-priis wurdt op woansdei 20 febrewaris foar de tredde kear útrikt. De priis is ornearre foar in auteur dy’t – yn neifolging fan Rink van der Velde – Frysk proaza skriuwt foar in breed publyk.

Mei dizze priis wolle de inisjatyfnimmers, de gemeente Smallingerlân en útjouwerij Friese Pers Boekerij, de oantins oan Rink van der Velde yn libben hâlde en syn betsjutting foar it Frysk proaza ûnderstreekje. Yn 2006 hat Harmen Wind de priis wûn mei syn roman It ferset, yn 2004 waard De ljedder fan Koos Tiemersma bekroand.

De útrikking, troch kultuerwethâlder Veenstra, finet plak yn de trouseal fan it gemeentehûs fan Drachten om 17:00 oere.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *