
In skreaune Fryske tekst foarlêze litte op de kompjûter. It kin wol, mar it klinkt net natuerlik. Yn oare talen, lykas it Ingelsk, Spaansk en it Nederlânsk klinkt it al folle better en dat komt omdat dêr in bettere, nijere technyk achter sit. Om dizze avansearre technyk ek foar it Frysk beskikber te krijen, docht de Fjetnamees Phat Do in promoasjeûndersyk op Campus Fryslân, ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân