
Mei Quist hat Koos Tiemersma foar it earst sûnt syn boekewikegeskink fan 2007 wer in fantasy-eftige roman skreaun. En dat is eins tafal, want it gefolch fan dy iene sin dy’t him samar ynfoel: ‘de duvel mei my helje’. Wêrom skreau er dit boek, dizze Quistiaanske Faust, en wat driuwt him om hieltyd mar wer nei nije literêre foarmen te sykjen?

Foto: Geart Tigchelaar
De learaar Dútsk oan in middelbere skoalle Quist kin neffens de rektor eins better mei pensjoen. Mar Quist tinkt dêr oars oer en lit him ûntfalle dat de duvel him helje mei as er op dy suggestje yngiet. Dan wurdt er flak by skoalle oanriden en fan dat stuit ôf begjinne fantasy en werklikheid fernimstich trochinoar te rinnen.
,,Dy oanriding sit fansels de duvel achter. Dy makket drekt gebrûk fan wat Quist him ûntkomme liet”, laket skriuwer Koos Tiemersma (68) by in bakje kofje oan in sithoekje foar Brasserie Maria Louise yn Ljouwert. ,,Yn it foarste plak gie it my yn dit boek om it boartsjen mei it gegeven fan dat pakt mei de duvel, dat eins gjin pakt blykt te wêzen.”

Foto: Geart Tigchelaar
Skriuwen is foar Tiemersma suver in deistich wurk. ,,Sa tsjin healwei tsienen begjin ik. Nei de kofje gean ik fierder en dan nei it middeisiten noch in skoftke. Eins skriuw ik alle dagen wol, as it kin. Mar healwei de middei is it wol op, dan moat ik recharge. De oare deis lês ik troch wat ik skreaun ha en dan gean ik wer fierder.”
In tip: hâld middeis op in hichtepunt op mei skriuwen, dan kinst útsjen nei de oare deis om wer fierder te gean en dan hoechst net te begjinnen mei it oplossen fan ferhaaltechnyske swierrichheden. ,,Mar eins haw ik noait problemen om yn ’e flow te kommen. Ik ha earder te folle ideeën as te min.”
Om yn ’e stimming te reitsjen, lêst er earst wat fan oarmans wurk. ,,Ik sit yn in rite dat ik mear poëzij lês. H.H. ter Balkt, op ’t heden. Dat is kearneftich en it draait tige om de wurdkar en de bylden. Dat helpt my om better proaza te skriuwen.”
Op syn wurkkeamer sit er te tikken, op laptop of kompjûter, mids syn boeken en platekolleksje. ,,Dêr haw ik alles om my hinne wat ik fijn fyn by it skriuwen. As it goed rint, set ik der wat psychedelyske rock of folk by oan”, seit Tiemersma, yn de njoggentiger jierren bandlid fan de Fryske groep Skift.
Hy is net it skriuwerstype dat in minne jeugd of in opljeppen emosjoneel ynderlik nedich hat om literêr út ’e fuotten te kinnen. ,,Ik gun elk syn muoilike jeugd”, laket er, ,,mar dy haw ik net hân en ik bin in frij egaal figuer. Wat oars is, dat ik my drok meitsje kin om maatskiplike ferskynsels, lykas klimaatferoaring of it populisme.” Yn Hoe blond je aap (yn it Frysk ferskynd as In aap klimt út de beam, 2014) en Under wetter (2009) ha dy noeden literêr foarm krigen.
Mar dêr hie er no gjin ferlet fan. Want Quist is in fantasy-ferhaal wurden, al wie dat ynearsten noch hielendal gjin útmakke saak. ,,Nee. De basis foar it boek leit yn de ferhalebondel Ik bedoel mar. Dêr sit in ferhaal yn oer sa’n typyske, noartske skoalmaster dy’t tsjin syn pensjoen oan sit. Dat figuerke woe ik fierder útdjipje en dat is haadpersoan Quist wurden.”
Tiemersma komt sels út it ûnderwiis, mar dy skoalmaster dy’t tenein is, dat is hy net. ,,Dat leau ik net. Mar wa wit, ha oaren my wol sa sjoen”, glimket er.

Foto: Geart Tigchelaar
Nei it slimme ûngemak fan de oanriding begjint foar Quist in geastlike kuiertocht fan Ljouwert rjochting Harns, om de fearboat te heljen (dêr hat er syn redenen foar). Underweis komt er yn allerhanne situaasjes telâne dy’t him tinken dogge oan syn eigen jeugd.
De duvel komt him sa no en dan achterop, smart him Mephisto-skuon oan, lokket him wer fierder. Troch de moetings en de oantinkens dy’t dy by Quist oproppe, komme wy stadichoan mear te witten oer syn jeugd en de ynfloed fan dat ferline op syn karakter. ,,Dat ferline ferklearret wêrom’t er bygelyks sa’n nuvere ferhâlding hat ta froulju. Hy is bot op himsels, skruten om him derby te jaan.”
Ut dy biten en brokken fan it ferline komt it byld nei foarren fan in djip tragysk figuer. Dochs stiet de skriuwer dêr net wiidweidich by stil en bliuwt de toan licht en boartlik. Mear as om dy karakterologyske skets liket it ferhaal te draaien om Quist syn reis en de yntriizje mei de duvel. ,,Se wiene foar my like belangryk: de karakterûntwikkeling en de boarterij mei it konsept fan it duvelspakt. Ik haw it boek foaral skreaun om mysels dêrmei te fermeitsjen.”
Dêrby is ek in wichtige rol weilein foar in feniks, dy’t hjir en dêr yn it ferhaal opdûkt. Dy fabelfiguer, dy’t út syn eigen jiske op ‘e nij ta libben komt, stiet foar it lot fan de minske, seit Tiemersma. ,,Dat is in kaaisêne yn it boek. De minske is derta feroardiele om hieltyd mar te fallen en wer oerein te kommen.”
,,Mar wat no as er de krêft net fynt om wer opnij te begjinnen? Wat ast in wurge feniks bist, sis mar. Dat byld spriek my bot oan.” Op it boekomslach ferwiist Jan Ketelaar syn byld fan de wurge feniks dêrnei.
Quist slagget it úteinlik dochs om wer oerein te kommen. ,,De geastlike reis soarget foar in lottering as er nei it ûngemak wer by de pinken is. Hy is konfrontearre mei syn jeugd en kin dêr dan iepener op reflektearje.” As er opbettere is, wol er syn libben oars oanpakke. Mar oft dat slagget – sil er, úteinlik, syn lot ûntkomme kinne?

Foto: Geart Tigchelaar
Tiemersma hat mei Quist wer in hiel oar boek skreaun as al syn eardere boeken. Guon lêzers stelle dat op priis, oaren rekket er dermei kwyt. ,,’Wêrom skriuwst net wer ris in roman as De Ljedder’, freegje minsken wolris. Dy typyske plattelâns-kristlike sfear yn dat boek, dat sprekt in protte Fryske lêzers oan. Mar dêr haw ik gjin sin oan; ik ha dat alris dien. Dat ik gean myn eigen gong en lûk my net folle oan fan wat de lêzer wol.”
Quist ferskynde tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk (as e-book) en it is ek sa’n bytsje parallel ta stân kommen. ,,Nei’t ik in stik yn ’e iene taal skreaun ha, set ik it yn de oare oer. It orizjineel kin Frysk wêze, mar ek wol Nederlânsk. Wêr’t it krekt oan leit wit ik net, mar it kin fan de sêne ôfhingje hokker taal oft my dêrby it bêste handiget.”
Hy is it der net mei iens dat in Frysktalich boek better is neigeraden it fryskeigener en minder maklik oer te setten is. Krektoarsom. As it oersetten flot giet, is dat wat Tiemersma oanbelanget in teken dat it orizjineel in goede tekst is. ,,Wol it oersetten net rjocht, dan mankearret der wat oan sa’n sêne.”
Dat Tiemersma Frysk skriuwt, is earlik sein mear in praktyske oerwaging as in kar út oertsjûging, jout er ta. Publisearje yn it Frysk is no ienkear in stik leechdrompeliger. ,,Der sit ek wol in stikje idealisme foar it Frysk yn, mar ik soe ek wol graach in grutter Nederlânsktalich publyk berikke wolle. In útjouwer fine en dy Nederlânsktalige merk oanboarje is gewoan hiel lestich. Ik haw it wolris by in grutachtige útjouwer besocht, mar dêr kaam ik der net troch.”

Foto: Geart Tigchelaar
,,Der sit miskien dochs mear fan mysels yn Quist as dat ik earst ha woe”, seit Tiemersma letter yn it petear. ,,Ik stean ek los fan de dingen, ik bin gjin groepsfiguer.” Weromsjend, seit er: ,,Ik ha minsken ek wol op ôfstân holden.” In bytsje in einzelgänger is er wol, ,,mar dat jildt wol ’k leauwe foar mear skriuwers.”
Lykas Quist lies er in protte boeken en lykas hy hat er twivels krigen oer de wearde dêrfan. ,,Ik haw in hiele protte boeken fuortdien en dêr hie ik hielendal gjin muoite mei. Minsken dy’t gjin romans mear lêze ha miskien wol gelyk.”
Mar dan wer: ,,De roman is in stadige ferkenning fan dysels; it kin dy oare sjenswizen sjen litte. Minsken nimme dêr de rêst net mear ta en dy ûnrêst is de grutte fijân fan de roman.” Miskien hat er der sels dochs wol wat oan hân, al dat lêzen, ,,mar moatst it libben úteinlik dochs kennen leare út eigen ûnderfining.”
Nettsjinsteande dy twivels oer de wearde fan boeken lêze yn de ienentweintichste iuw, pielt Tiemersma stiltsjeswei troch mei boeken skriuwe. Der leit alwer in manuskript klear, ek wer oer in ûnderwiisman. ,,Dat haw ik yn feite parallel skreaun mei Quist. Ik bin dwaande om it te redigearjen, mar wachtsje noch even mei publikaasje. Earst Quist efkes bekomme litte.”