Fjouwer Trakl-oersettingen Klaas van der Hoek

logo.ensafh

 

 

De swiermoedigens

Machtich bisto donkere mûle
Yn ’t binnenst, út hjerstwolkens
Foarme stal,
Fan goudene jûnsstilte;
In grienich skimerjende berchstream
Yn tebrutsen sparren
Harren skaadfjild;
In doarp
Dat from yn brune bylden ôfstjert.

Lês hjir fierder

 

Neibyens fan de dea

O de jûn dy’t yn de tsjustere doarpen fan de bernetiid lûkt.
De fiver ûnder de wylgen
Rint fol mei de ferpeste suchten fan de swiermoedigens.

Lês hjir fierder

 

Sang fan de ûntfallene
Oan Karl Borromaeus Heinrich

Fol harmonyen is de flecht fan de fûgels. De griene wâlden
Hawwe harren jûns ta stillere hutten fergearre;
De kristallen greiden fan de ree.
Tsjusternis besêftet it reauntsjen fan de beek, de dampe skaden

Lês hjir fierder

 

Ballade

In dwaas skreau trije tekens yn sân,
Doe stie der in bleke faam op it strân.
Lûd song de see, sa lûd.

Sy hold in beker yn de hân,
Dêryn oan de râne ta in glâns,
Sa read en swier as bloed.

Lês hjir fierder

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *