
De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fiifde ôflevering is it ferhaal ‘Lost in translation’ fan Jetske Bilker te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.
Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop Fryslân