Presintaasje debútbondels Hidde Boersma en Grytsje Schaaf

logo.ensafh

Op freed 8 febrewaris wurde de debútbondels fan Hidde Boersma en Grytsje Schaaf presintearre. VHDG is flakby it Tryatergebou.
Plak: It gebou fan VHDG (Voorheen de gemeente, Adres: M.H. Trompstrjitte 4a yn Ljouwert).
Tiid: De middei begjint om 15.00 oere en sil om likernôch 17.00 oere ôfrûn wêze.
Program: Foardrachten út eigen wurk troch de beide debutanten en Cornelis van der Wal, muzikale bydragen troch Auck Boersma en Henry de Kunstfluiter en útsoarte de oerhandiging fan it offisjele earste eksimplaar fan de bondels foarmje de ynhâld fan it programma.
Grytsje Schaaf sil it earste eksimplaar fan har bondel oan har mem útrikke en Hidde Boersma sines oan dichter Bartle Laverman.
Elkenien wurdt fersocht om presys om 15.00 oere oanwêzich te wêzen; tuskentroch binnenstappe soe it programma fersteure. Nei 16.15 oere is it offisjele diel fan de middei ôfsletten.

De rop om Doede fan Hidde Boersma

De jonge dichter Hidde Boersma rekkenet yn syn debútbondel De rop om Doede drastysk ôf mei alle religieuze en spirituele spinreach dat minsken yn ’e kop hawwe kinne. Hy docht dat yn boartlike fersen mei gauris in iroanyske of humoristyske ûndertoan. ‘Lees maar, er staat niet wat er staat,’ sei Martinus Nijhoff eartiids. Komt dêr dy âlde dichter wer om ’e hoeke te sjen? Nee hear, dit is Hidde Boersma. Folslein unyk en ûnspiritueel djipsinnich. Hy skriuwt gedichten dy’t de kop frijmeitsje.

Hidde Boersma (1980) studearret Humanistyk en Filosofy yn Utert. Hy is al in tal jierren aktyf yn de literêre wrâld. Sa publisearre er ûnder mear gedichten yn it tydskrift Hjir en yn Dream yn blauwe reinjas / Droom in blauwe regenjas en kollums op it ynternettydskrift Farsk. Ek stie der ferhalend proaza fan him yn Hjir en de twatalige bondel Flesse(n)post.

Sûnder sweltsjes fan Grytsje Schaaf

Sûnder sweltsjes is it dreamdebút fan arsjitekt, sjoernaliste en dichteres Grytsje Schaaf. Yn har poëzy hinget alles mei-inoar gear: de dreamen en de fisioenen, it plak, it reizgjen, it stilstean. In soad fan har fersen binne ‘frozen frames’: bylden dêr’t sitewaasjes yn fongen binne. Mar feilich is dizze poëzy alderminst: Sûnder sweltsjes referearret oan glês dêr’t no krekt gjin fûgels op plakt binne, op in tekoart oan feiligheidsmaatregels dus. Falle sûnder fangnet koartsein.

Grytsje Schaaf stie mei it fers ‘Drok noas op weagjend stiel’ yn de twatalige bondel Flesse(n)post. Se publisearret ek geregeld fersen yn de literêre tydskriften Hjir, Farsk en de Moanne.

Boekgegevens:
Hidde Boersma, De rop om Doede. Utjouwerij: Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 2008
Omfang: 64 siden; foarmjouwing: Barbara Jonkers.
ISBN: 978 90330 06661; Ferkeappriis: € 14,95
Grytsje Schaaf, Sûnder sweltsjes. Utjouwerij: Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 2008
Omfang: 56 siden; foarmjouwing: Barbara Jonkers.
ISBN: 978 90330 06739; Ferkeappriis: € 14,95

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *