
Tongersdei hat boargemaster Oebele Brouwer gedichten útrikt oan twa ynwenners fan Achtkarspelen. De gedichten binne fan de eigen doarpsdichter Arjan Hut. ‘Dêr binne wy tige grutsk op, fanwege it stimulearjen fan it kulturele en literêre libben yn ús gemeente’, neffens Brouwer. ‘It helpt by it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal. Omdat it 28 jannewaris Gedichtedei is, is der no oandacht foar Arjan en syn Fryske gedichten.’
Lês en sjoch fierder by rtvnof