
Op woansdei 12 maart reizgje Elmar Kuiper en Tsead Bruinja nei Skotlân ôf om foar te dragen op stAnza, in ynternasjonaal poëzijfestival dat holden wurdt yn it histoaryske universiteitsstedsje St. Andrews. Bruinja en Kuiper sille dêr de Skotten harren Frysktalige gedichten hearre litte en der sil in boekje presintearre wurde mei ferskate Skotse oersettings fan Fryske gedichten fan Albertina Soepboer, Abe de Vries, Anne Feddema, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal en Tsead Bruinja. Der sil ek in film fertoand wurde, mei Ingelske ûndertiteling, wêryn’t boppeneamde dichters in fers foarlêze.
In foarbyld fan de Skotse oersettings kin op fersyk oan jo maild wurde.
Foar mear ynformaasje: http://www.stanzapoetry.org/