Willem Schoorstra

BoekeBol kollum fan Willem Schoorstra

logo.ensafh

Net stinne mar beminne

Lit ik út ein sette mei te sizzen dat Reve, hij rustte in vrede, in geweldich skriuwer wie; foar it neist, mei Arnon Grunberg, de grutste fan de Lege Lannen. Dat der omtinken is èn wêze moat foar de man en syn wurk kin ik allinne mar ûnderstreekje. Lykwols fyn ik it spitich dat soks krekt by sa’n gelegenheid bart. De knypeach nei eardere boekeballen is der, en it hie te priizgjen west as ek sa’n dei folslein yn it teken fan Frysktalige literatuer stien hie. Want dat sok omtinken skraal is mei yn it algemien bekend wêze: dêr wurdt op it heden in ferdomd lyts bytsje oandacht oan bestege.

Men freget jin ôf wêrom’t foar Reve keazen is, om in programma lykas dat fan hjoed oan op te hingjen. Soe it komme om’t de Volksschrijver in skoft yn it gat Greonterp tahâlden hat? As dat it kritearium is kin men dy kar, njonken oare kwalifikaasjes, nochal obligaat neame. Wêrom bygelyks net te kiezen foar in Mart Smeets? Dy hat hjir ek wenne, is troud mei in Friezinne en hat in plankefol boeken skreaun. Boppedat libbet er noch (hoewol’t de mienings dêr ferdield oer binne). Of Pia Douwes, de meast flonkerjende stjer oan it musikal-firmamint. Har namme stiet yn neon op teaters yn London, Parys, Berlyn en New York. En Pia skreaut ek (belte neame se dat trouwens yn dy wrâld), mar folle wichtiger: hja hat in hûs yn Fryslân. Ah, ús Pia! Se hat wat lêst fan hystery, mar my tinkt dat soks gjin beswier is yn rûnten lykas dizze.

Lit ik oars, inkeld foar de hypoteze, ris oannimme dat de kar foar de mânske Nederlânske ynbring op dizze dei it gefolch is fan lineêr tinken. Okkerdeis ha ik in dokumintêre sjoen oer Quants, quantative analysts, ek wol de Algemisten fan Wall Street neamd. Quants binne lju dy’t kwantitative techniken lykas wiskunde, statistyk en kompjûterwittenskip brûke om de finansjele wrâld te modelearjen, te strukturearjen; te lieden nei in punt dat se foarsein ha. Slim fassinearjend om te sjen hoe’t sokke minsken it lot fan net allinne de finansjele, mar eins de hiele wrâld beskiede. Oan it wurd wie op in stuit de goeroe fan de Quants, Paul Wilmott, dy’t, behalven in boerd mei ûnbegryplike formules fol te kalkjen, ek in stikmannich útspraken die dy’t tapasber wiene foar mear fasetten fan it libben. Ien fan de earste ferlikings dy’t er joech wie dizze: Skientme sit him yn de krekte gruttens fan kompleksiteit, benammen net te grut. Dy ferliking neamde er non-lineêr. Op slach moast ik oan Fryslân en it Frysk tinke. Ien fan de dingen dy’t men allegeduerigen heard as it dêroer giet, is dat it sa kompleks is. Wolno: de skientme iepenbieret him op it momint dat men it ferienfâldiget. Mei oare wurden: Net stinne, mar beminne! Jou dy mei kop en hert oer oan alles dat Frysk is, en genietsje fan de skientme dy’t jin dêrmei tafalt.

Werom nei Wilmott. De meltdown fan de finansjele wrâld dy’t ek no noch plakfynt, neamde er it streekrjochte gefolch fan it lineêre tinken fan de nije quants. Yn al dy yn symboalen ferfette formules ha se oer ien faktor hinne sjoen, sei er, en ek noch de belangrykste. Emoasje. Emoasjes kinne de meast wis lykjende útkomsten yn de kiif stelle. De quants ha harren wurk as absolút presintearre, mar de minske, troch syn emoasje, is noait absolút. En barre der hiel oare dingen as dat foarsein wurden is.

Alwer seach ik de oerienkomst mei ús taal en kultuer. De lêste tiden hearsket der wakker in sfear fan negativens. Minsken rôlje yn de media hast oer inoar hinne om as proseliten te ferkundigjen dat it harren tsjuster te moede is. Faak binne it manlju op jierren, in part Nederlânsktalich, by wa’t de billen al wat leger yn de broek hingje en dy’t der nachts faker ôf moatte. Mei in wissens dy’t harren lineêre tinken ûntbleatet stelle se fêst dat taal en kultuer op stjerren nei dea binne. It is it wjerlûd fan in gjalp dy’t al ieuwen klinkt, in byljen mei de hûnen dêr’t se mei yn de bosk tahâlde. Mar, sa’t dizze konstatearring ûnderstreket, it is in raar ferrekkenjen. Sa’t Wilmott al oanjoech: de belangrykste faktor, emoasje, wurdt bûten beskôging litten. En it is emoasje dy’t ôfweeft mei de gûlende hûnen yn de bosk. In moai foarbyld fan dat gegeven is it opponearjen fan Frije Fryske Grûn, jongfolk fan likernôch tweintich jier, dy’t op eigen wize noed stean foar wat ik foar it gemak de Fryske saak neame sil. Dy groep is grut en fanatyk, en in treffende yllústraasje fan it gelyk fan Wilmott syn bewearing. Mar ek yn de muzyk is der in nije weach fan bands mei in sterke oriïntaasje op komôf en it brûken fan de eigen taal. Dat spilet him ôf yn it by definysje non-lineêre fan de sub-kultuer, en dat is fansels bûten it eachweid fan niisneamde proseliten. Yn it generaal sitte dyjingen smûk achter de kompjûter harren ferbale ekskremint ôf te skieden, yn de hillige oertsjûging dat se de keutel by de skjinne ein ha. Spitich dat sokken net ris nei in konsert fan bygelyks Black Metal-band Kjeld tsjogge. Kultuerskok faaks, mar dat soe no krekt wêze wat se nedich ha.

Gearfetsjend kom ik ta in tal konklúzjes. Yn it foarste plak dat elk dy’t negatyf is oer it Fryske dat sûnder gesichtsferlies en oantaasting fan it yntellektueel oansjen loslitte kin. As se dêrop oansprutsen wurde, kinne se mei in kalm moed nei Paul Wilmott ferwize. Twad dat it belangryk is dat se ris ta de doar útkomme. Foar de sûnens, grif, mar ek om te sjen hoe’t it der yn de werklikheid om en ta giet. Treds en lêst dat in nij kredo berne is dat as diggelfjoer alle kâlde, toarre herten yn de brân sette sil: Fryslân. Net stinne mar beminne!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *