Blog Sigrid Kingma: Febrewarisblog

logo.ensafh

Oant safier myn foarnimmen om faker te bloggen. Ik hie net betocht dat ik myn wurklaptop ynleverje moast. Om’t ik myn fêste kompjûter al in healjier net mear brûke koe, en wat sleau wie om him meitsje te litten, ha ik it in skoftsje sûnder dien. Los fan dat de mail hopeleas oprint, jout it mear rêst en tiid foar oare dingen. Gelokkich witte de echt nijsgjirrige saken my fia oare wegen te berikken. Sa ha ik ik hjoed in brief ferstjoerd, hast in gedicht klear foar in sticker en bin ik dwaande mei in Tomke. Bin benijd wa’t der noch mear skriuwe, en dat jildt foar alle trije niisneamde dingen.

Lês fierder by Sigrid Kingma

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *