Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2021

logo.ensafh

Redaksjoneel

It earste nûmer fan Ensafh stean mânske stikken yn, sa as twa yngeande besprekken, it iene fan Sipke de Schiffart syn roman Sjappy troch Geart Tigchelaar en it oare fan Elmar Kuiper syn dichtbondel Wite Mûle, Swarte Molke troch Teake Oppewal, dêr’t it hiele oeuvre fan Kuiper by te praat komt.
It nûmer iepenet mei in iisbaangedicht fan Jacobus Q. Smink (mei dêrop folgjend as reaksje in iisbaangedicht fan Eppie Dam) en it einiget mei in ferhaal fan Geart Tigchelaar.
Mei it neamen fan Jacobus Q. Smink en Geart Tigchelaar komme wy ek op in oar sjapiter.

Twa gatten
Yn de redaksje binne twa gatten slein, sawol Jacobus Smink as Geart Tigchelaar ha de redaksje ferlitten. De earste yn ferbân mei syn sûnens, dy’t it him net mear tastiet it redaksjewurk te dwaan en de twadde om’t er romte nedich hat foar oare saken as de (Fryske) literatuer, dêr’t er him de ôfrûne tsien jier op stoart hat as gjin oar.
Yn de rin fan 2010, mei yngong fan nûmer 3, is Geart redaksjelid fan Ensafh wurden. Hy hat yn de ôfrûne tsien jier in almeugend soad út ’e wei set. Binnen en nêst Ensafh hat er him as skriuwer enoarm ûntjûn. Oan Ensafh hat er poëzy en proaza bydroegen, mar foaral ek in protte boekbesprekken, sawol yn it blêd as op Ensafh-ynternet. De lêste jierren wie er op ynternet fernijend begûn mei fideobesprekken. Hy hat ek jierren de organisaasje fan de jierlikse Grutte Gedichtejûn mei droegen. Wy sille syn kreativiteit en ynset misse.
Jacobus publisearre as achttjinjierrige studint syn earste gedichten yn 1972 yn it tredde nûmer fan de earste jiergong fan Hjir, de foargonger fan Ensafh. Yn it earste nûmer fan 1975 stiet er by de redaksjeleden, dêrnei net mear, mar fan desimber 1978 oant en mei 1985 is er dan echt lid fan de redaksje. Hy wennet ûnderwilens yn Eindhoven, dêr’t er learaar Nederlânsk wurden is. Fan 1992 ôf wurdt er wer redaksjelid en nei it ûntstean fan Ensafh yn 2009 bleau er yn de redaksje. Al dy jierren makke er foar de redaksjegearkomsten de reis út Eindhoven nei Fryslân ta. Jacobus wie in redaksjelid fan komsa, kundich en enoarm begien mei earst Hjir en dêrnei mei Ensafh. Dat syn sûnens him no yn ’e steek litten hat is foar him in klap, it rekket ús en foar Ensafh is it spitich, mar syn belutsenheid mei de literatuer bliuwt in foarbyld, tsjinnet ús ta ynspiraasje.

Utdaging
De redaksje telt no sân leden, foarearst genôch foar in goede basis fan it blêd. Mei dit earste nûmer set dizze jiergong yn alle gefallen goed útein. It bestean fan de Fryske literatuer is winliken in wûnder, it is in útdaging om dat wûnder mei yn stân te hâlden.

Piter Boersma

 

Klik hjir foar de ynhâldsopjefte

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *