
De wekkerradio sprong oan.
It getetter fan in te wekkere en in te folle pratende presintator ferjage mei geweld de rêst fan de iere moarn: in nije dei begûn.
Mei tsjinsin swom ik fanút de djipte fan myn dreamwrâld omheech. Stadich kaam ik nei it oerflak fan ’e wurklikheid, stadich kaam it besef by my werom. It besef dat it hjoed woansdei wie, dat ik wekker wurde moast, dat ik fan’t bêd komme moast.
Ik iepene ien each om mysels te ferwissigjen dat de wekker net te betiid ôfgien wie. Spitich genôch net. De reade ljochtjouwende sifers blikkeren ûnferbidlik 7.30. Ek noch bespotlik betiid. Wa betocht no dat kolleezjes moarns wêze moasten wannear‘st de hiele dei de tiid hast?
Suchtsjend nessele ik mysels nochris lekker yn myn hearlik sêfte waarme bêd. Ik hie der totaal gjin nocht oan om derút te kommen. Ach, ik koe noch wol efkes lizzen bliuwe. Slûch hearde ik it geëamel op ‘e radio oan, dat al mar trochgong. Ik hie gjin flau idee wêr’t dy man it al dy tiid oer hie, mar it skynde o sa grappich te wêzen. Teminsten, hy hie sels de grutste wille. Ik fertocht him derfan adhd te hawwen. Hoe koe er oars sa drok wêze om dizze tiid?
Ik dreamde fuort.
In kertier letter fernaam ik dat der muzyk draaid waard. Ik nuente sêft mei op it top-40-nûmer.
‘Every day, every minute,
you have a chóóóóice’
hearde ik nêst myn ear. Goeie plaat. Dave makke eins allinnich mar goeie muzyk. Ik frege my ôf oft hy in Amerikaan of in Brit wie. Hmm, ik fertocht him fan it earste.
‘Choose for méééé’
Om ien of oare reden moast ik oan in artikel tinke dat ik ôfrûne wike yn de Spits lêzen hie. It gie oer de maatskippij fan tsjintwurdich. Oer ferflakking. Oer dat alles no flitsend wêze moast.
De jongerein wie ûnferskillich en sûnder djipgong.
De jongerein wie gau ferfeeld as der gjin tillevyzje of kompjûter yn ‘e buert wie.
De jongerein koe net mear genietsje fan ‘e lytse dingen.
Bla blablablabla
Ik fielde de lilkens wer yn my omheech sjitten. Tss, it stik wie fêst skreaun troch in sjoernalist dy’t der troch syn nije, hippe kollega’s út wurke waard om’t hy net mei de moderne tekstferwurkingsprogramma’s omgean koe en op it toetseboerd ramde as wie it in typmasine. Pff, wa tocht hy wol net dat er wie!
‘You have a choice’
In geniaal idee kaam my te binnen en tearde him út, oer myn lilkens hinne.
Hé ja, ik hie in kar. En nee, Dave, ik kies net foar dy want do sjochst my dochs net stean tusken al dy joeljende fans fan dy. Nee, ik kies derfoar om hjoed fan de lytse dingen te genietsjen!
Ha, ik soe dy segrinige griiskoppen ris sjen litte dat it echt net sa dramatysk steld wie mei de nije generaasje lykas yn ‘e krante sein waard. Wy koene ek wier wol fan lytse, gewoane saken genietsje. Ha!
Ik gong oerein sitten en klakte mei myn tonge. Eh, ja, hoe soe ik dat no ris oanpakke, in dei genietsje fan lytse dingen?
Hmm, gjin tv sjen fansels, en ek net ynternette. Oké, en it kolleezje fan aanstens, wat soe ik dêr mei dwaan? Hmm, oerslaan dan mar, oars wie in heale dei om te genietsjen fan de lytse dingen al wer fergriemd. Boppedat fûn ik statistyk dochs net sa boeiend.
Ik kaam ta de konklúzje dat der sadwaande noch in hiele dei foar my iepen lei.
In hiele, lege dei.
Ik geniete fan it ekstra healoerke dat ik op bêd lizzen bleau oant ik echt wekker waard.
Ik geniete fan de himel dy’t my taglimke doe’t ik de gerdinen iepenskode, en bewûndere de prachtige blauwe kleur derfan.
Ik geniete fan de frisse lucht dy’t ik opsnúfde doe’t ik de ruten iepen sette.
Ik geniete fan de dampende dûs en it hite wetter en de lekker rûkende sjippe.
Ik geniete fan ik útsykjen fan de klean dy’t ik dy dei oandwaan soe.
Ik geniete fan myn moarnsiten fan tee mei…
Shit, myn bôle wie wer ris op. Ja, ik hie juster ûnder it boadskipjen noch it gefoel hân dat ik eat oan it ferjitten wie… Efkes krige ik oanstriid om hiel segrinich te wurden en segrinich myn tee op te drinken mei in segrinich gnoarjende mage, mar doe tocht ik wer oan myn opdracht foar hjoed.
Genietsje. Ik moast genietsje. Bôle kaam letter wol, ik hie it ommers noch de hiele dei oan tiid. Dus dronk ik genietsjend en mei lytse slokjes myn tee út myn moaiste mok. It smakke sa sûnder bôle eins noch better as oars.
Dêrnei die ik de ôfwask dy’t al sûnt juster en earjuster en de dei derfoar wachte, en geniete fan it skom dat te foarskyn kaam neidat ik fierstente folle ôfwaskersguod yn it wetter smiten hie.
Sa’n soad wille mei it ôfwaskjen… It moast net folle mâler wurde.
‘Wat mei it wêze?’
‘In brune bôle graach.’
‘En wat foar brún soest ha wolle?’ De bakker seach my freegjend oan. Ik stoarre nei de rigen bôlen yn ‘e stellaazjes efter him en besocht te betinken wat der altiten op it etiket fan myn AH-húsmerk stie. Brún wie dochs brún?
‘Ehm, gewoan… brún.’ Moast it no allegearre sa yngewikkeld? Ik krige hast spyt fan myn beslissing nei de buertbakker te gean ynstee fan de fertroude Albert Heijn. Mar ik fûn sa’n supermerk krekt net hielendal yn myn lytse-dingen-dei pasjen.
‘Grouweten, fyn, donker, tiger…’ dreunde de grutte man efter de toanbank ûngeduldich op.
‘Jou mar twa krinteboltsjes’ sei ik. Dy binne úteinlik ek lyts.
Mei de noch waarme krinteboltsjes yn myn tas besleat ik in fytstocht te meitsjen. In fytstocht troch it oer-Hollânske lânskip. Ik naam oan dat soks net ûnder flitsend foel, en it like my wol in pasjende bezigens ta nei myn boadskippen by de buertbakker.
Yn al dy jierren dat ik al yn dizze stêd wenne, hie ik der noch gjin inkele kear echt bûten west. Ik wist allinne fanút de auto en de trein dat der greiden omhinne wêze moasten. Mei kij.
Ik fytste samar in kant út en fytste krekt sa lang troch oant de stêd fier efter my lei en it om my hinne grien, grien en nochris grien wie.
Ik siet sjongend op myn fyts en fielde my fleurich. Fleurich, sa fleurich!
It wie prachtich waar. Ik groete de minsken dy’t ik tsjinkaam en sy groeten my. De fûgels fluiten, de kikkerts kweaken, de flinters fladderen, en ik song.
Ik song en geniete.
Ik lei op myn rêch yn it gers, mei in lange teister yn myn mûlshoeke, stoarjend nei de oerdriuwende wolken.
Moai is it hjir, tocht ik. Moaie greiden, moaie hoarizon ek. Moaie sleat, moaie sinne, moaie loft. Moaie stilte. Ik die o sa myn bêst om my net te ferfelen. De krinteboltsjes wienen allang op.
Ik besocht bisten yn ‘e wolken te ûntdekken mar kaam troch gebrek oan ynspiraasje net fierder as in Pino sûnder kop.
Ik suchte djip en betocht dat ik like goed werom gean koe, mar eins hie ik hielendal gjin nocht om dat hiele stik wer werom te fytsen.
Tu-tu-tuti-tu
Myn mobyl, myn rêding! Fluch helle ik him út myn bûse, klapte him iepen en seach dat it Marieke wie.
‘Hoi Marieke!’
‘Hé, hoe is it mei dy? Giest mei Anne en my mei nei de bios, jûn?’
‘Ja, goed. Gesellich. Hoe let?’
‘Sân oere by my? Dan gean wy earst noch efkes lâns de Mac, ik nim oan datsto ek gjin nocht hast om iten te sieden.’
Ik lake. ‘Hoe riedst it! Boppedat giet dat op dit stuit ek in bytsje lestich, ik sit no echt yn ’e middle of nowhere.’
‘Hè, hoe komst dêr dan?’
‘Oh, lis ik noch wol ris út,’ antwurde ik ûndúdlik. ‘Oant jûn dan mar, hin?’
‘Ja, doei.’
Ik hold myn tillefoan noch efkes leaflik yn myn hân, foardat ik him werom yn ‘e bûse treau.
Ja, wat koe ik dochs genietsje fan dit lytse ding.