
Op 16 febrewaris skreaunen fjouwer kollega-skriuwers (en eks-winners fan ‘de Gysbert’) in kritysk Te Gast oer de gearstalling fan de advyskommisje foar de Gysbert Japixc-priis. Sy fine dizze sjuery net saakkundich genôch. Oer de gearstalling jout Tresoar in advys oan de Provinsje, dat troch de Provinsje opfolge wurdt. Dat feit is by teminsten twa fan de fjouwer ûndertekeners fan de te Gast bekend.
By de Provinsje sels is dy saakkundigens der net, dus is it logysk dat it Frysk Letterkundich sintrum Tresoar de Provinsje hjir de helpende hân biedt. It is nammers om meardere redenen better om as oerheid in bytsje ôfstân te hâlden: sa’n priis moat sa ûnôfhinklik mooglik takend wurde. Yn it stik fan de fjouwer kritikasters wurdt dat allegearre net neamd, mar wurdt de Provinsje rjochtstreeks oansprutsen. Dat is te koart troch de bocht.
Yn it te Gast-stik wurdt ek wat sydlings even opmurken: “In briefke stjoere oan it Skriuwersboun is net genôch, sa docht ús bliken”. ‘Docht bliken?’ Wat in nuvere suggestje. Yndied is it Boun om advys frege, net oer de gearstalling fan de sjuery, mar oer de wize fan útrikken en it al of net wurkjen mei nominaasjes. Dêroer hat it bestjoer fan it Boun in brief weromskreaun, mei oanbefellings dy’t grosso modo oernaam binne.
Yn it ferline waard de sjuery (‘advyskommisje’) gearstald op advys fan de Fryske Akademy en Tresoar mienskiplik. Mar sûnt in tal jierren docht de Akademy net mear oan Frisistyk. Dus is it no in taak foar Tresoar allinne, wat fansels tige spitich is. Ek hjir blykt wer wat de ferskraling fan de wittenskiplike bestudearring fan de Fryske Taal en Literatuer úteinlik foar negatyf effekt hawwe kin. Effekt op fan alles wat anneks is mei it literêre libben.
Betink hjirby: de fiver om yn te fiskjen is tige lyts. De Gysbert kin faker as ien kear woan wurde troch deselde dichter of skriuwer. Dat makket it al sa goed as ûnmooglik om, yn dit gefal, in dichter dy’t de ôfroanne fjouwer jier publisearre hat (of dy’t yn har of syn libben in moai oeuvre opboud hat), te freegjen foar dizze sjuery. De ferliking mei de P.C. Hooftprijs giet op dit punt mank.
Fierder binne der noch mar in pear wittenskippers op universiteiten of hegeskoallen dy’t har mei de Fryske literatuer dwaande hâlde. Oare persoanen dy’t sels net of amper literêr aktyf binne, mar der wol doel oer hawwe, binne der wol, mar har oantal is beheind. Jo kinne boppedat net alle jierren deselde minsken freegje.
En dan is it ek nochris sa dat guon minsken leaver net meidogge yn sa’n sjuery. It is in grutte ferantwurdlikens en jins oardiel leit ûnder in fergrutglês. En jo komme de minsken út de lytse literêre wrâld wer tsjin en men wol de ferhâldings plezierich hâlde…
Tresoar hat syn bêst dien en trije minsken ree fûn dy’t posityf by it Frysk en de Fryske skriuwerij belutsen binne, om yn de advyskommisje mei te dwaan. Moai sa. Lit jimme net ûntmoedigje, Hein-Jaap, Nynke en Jannes!
Willem Verf (foarsitter Skriuwersboun en oantemei 2020 deistich bestjoerslid fan Tresoar).
Earder pleatst yn de Ljouwerter Krante op 25-02-2021 as Te Gast-opinystik.
Prate oer Gysbert Japicxpriis is needsaak
Literêre prizen ferbjusterje sûnt minske heugenis. Medea fan Euripides op it tredde plak: hoe is it mooglik. Mar hjoed fernuveret net de útslach; frjemd is it drigemint fan Skiuwersbounbestjoerder Willem Verf, om jo moai del te lizzen by de amateuristyske Gysbert Japicxpriis-organisaasje. Yndie mist de Gysbertsjuery 2021 alle ekspertize om ta in earlike en weardige kar te kommen. Dat fjochtet Verf net oan, mar “men wol de ferhâldings plezierich halde…”
Ek it stuit dat Verf mei syn opinystik yn de LC komt is apart. Want goed in wike lyn fregen fjouwer Gysbert-laureaten mei in iepen brief oan de provinsje, de Gysbert-eigner, om ferbetterjen fan it sjurearjen. Noch deselde jûn gie de deputearre fan Kultuer akkoart. It ferbetteringspetear komt deroan! Wêrom obstruksje? Om’t de laureaten dy’t kleie oer de deputearre har insiders-besluten, mei it Skriuwersbounbestjoer yn novimber ’20, no net sels mei har it efterkeammerke yndûke moatte?
Dat seit Verf net. Trouwens dy wie oant dit jier ek Tresoarbestjoerder en advisearre dus himsels oer de Gysbertútrikking.
Wat Verf seit is: twa fan de lilke laureaten witte dat Tresoar de provinsje ynlústeret oer it geastallen fan de sjuery, ommers de provinsje mist de kennis. Dat letterkundich sintrum Tresoar de provinsje helpt is “logysk”, om “meardere redenen” is it better dat de provinsje ôfstân bewarret – fan it sjuery-útkiezen bedoelt er? – en de lilke laureaten sizze dat “allegearre net.” It Skriuwersboun holp de provinsje net mei sjuerygearstallen, seit er. De Fryske Akademy kin net helpe want dy docht neat mear oan Frisistyk. Der binne mar in bytsje Frysktalige skriuwers, wittenskippers ensf., alle jierren deselde sjuery kin “boppedat” net, guonlju wolle net sjurearje, dus: wês bliid dat wy belutsen minsken fûn ha.
It hiele punt, dat elk bewiis foar dy belutsenens ûntbrekt, wat de deputearre blykber ynsjocht, dat hoalet Verf yn dizichheden. Om te begjinnen makket it net út wat twa Gysbertlaureaten tafallich witte – de nammen fan de sjuerygearstallers binne geheim. Tresoar ferwiist nei websiden dêr’t neat opstiet. It Gysbertreglemint is foetsy (Fers2 hat it ‘Wobt’). It advys fan it Skriuwersbounbestjoer is net iepenbier. Skiuwersbounleden binne net rieplachte. Transparânsje mist.
In oerheid dy’t de priis yn hannen leit fan in oerheidsynstelling – mei niisneamde deputearre yn it bestjoer – stiet net op ôfstân fan syn priis. De PC Hooftprijs hat der echt gjin minister van Kultuer yn: dy priis is in losse stifting. Dat sa’n ûnôfhinklikens hjir net kin om’t “de fiver te lyts is” makket Verf op gjin inkelde manier oannimlik. Is de sjuery soms polityk geastald? Doe’t ik de sjuerynammen seach tocht ik dalik oan Sytse Jansma, dy hie sjurearre mei twa fingers yn ’e noas. “Boppedat” draaie hiel wat keunstprizen just sa goed troch sjuerys mei in mearjierrige sit: dy kinne ekspertize oerdrage. Dat witte wy; de kennis oer suvere, weardige keunstprizen is oanwêzich.
De hite brij dêr’t Verf om hinne kriemt is: sûnder ekspertsjuerys is in priis net mear ynteger. Ris goed prate oer de Gysbert is needsaak. As de fjouwer Gysberters dêrom freegje hawwe hja it morele gelyk folslein oan har kant.
De proseduere foar de beneaming fan de sjuery fan de Gysbert Japikspriis is folslein dúdlik. Tresoar freget in tal minsken en út de persoanen dy’t ja sizze op dy útnûging wurdt dan in sjuery foardrûgen dy’t troch Deputearre Steaten beneamd wurdt. Sels myn poes begrypt dat. En Thorbecke jout ek in ynstimmend knikje fanôf syn portret.
Wa’t de priis krijt is hast altyd in ferrassing. En lokkigernôch hawwe wy yn dizze provinsje noch altyd mear skriuwers as prizen. .
En moai dat der minsken binne dy’t witte dat se it morele gelyk folslein oan har kant hawwe. Dat fine alle komplottinkers op de wrâld ek fan harsels. It is wol behoarlik ûnfatsoenlik oars om sjueryleden of gadingmakkers foar in sjuerylidmaatskip mei namme en al te priizgjen of just te lekjen. Fan de GJ-sjuery foar 2021 fyn ik it dan ek bysûnder stylfol dat se gewoan sitten bliuwe en gjin kommintaar jouwe.
It hie dy sierd om foar de literatuer op te kommen, redakteur fan in saneamd literêr tiidskrift Jelma Knol. Freontsjes hat elkenien en dy rêde harsels meastentiids wol. It is yn dizze provinsje de Fryske literatuer dy’t dyn help nedich hat. Net dyn skynhillige kommentaarkes, mar dyn sljuchte en rjuchte ynset foar eat dêr’tst al sa lang dyn frije tiid oan joust. En as dat spitich útpakt foar aktrises en kommunikaasje-direkteuren, dan is dat mar sa.
Ach Abe, mei de Fryske literatuer giet it hiel bêst, nettsjinsteande dyn alarmistyske stikken yn alderhanne media en privé-organen. Sjoch allinne mar nei de prachtige romans en dichtbondels dy’t yn 2020 en no ek wer yn jannewaris ferskynd binne. It kin net op.
Ik meitsje my àl soargen oer de ûntlêzing te uzes. Dat komt miskien troch al dy alarmistyske stikken. Minsken hâlde ornaris net fan literêre types dy’t altyd mar spul krije en roppe en raze oer de ûndergong fan it Frysk en de literatuer.. Dan leauwe se it wol op in stuit.