Henk van der Veer

Bewondering foar un erudyt man

logo.ensafh

                                                                          foar dr. Jan Schulp

 

 

wat wist ik as Noardehoekjonkje
fan erudite leararen en ander geleard fòlk
niks tòch?
tòt ik op un moaie nasomerdach in 1974
menear Schulp teugenkwam in één fan dy
ouwerwetse hoge klaslokalen fan de Kweekskoal
an de Parallelwech dêr’t ik oait flakbij op un
befroaren kikkersloatsje ut skaatseriden learde
– mar dat tersijde-

allemachtech wat fon ik dizze Hollanner
kòppy kòppy, nyt normaal mear sufeul as hij wist
allienech ut feit dat dizze man binnen no-time Frys sprak
maakte groate indruk op mij

en dan syn kennis over alles wat der bloeide
& groeide, hij was tenslòtte myn biologylearaar
ut was in één woard fenominaal.

mar ut meast ferbaasde hij mij nòch
dy 22ste november fan ’74 op de dweilnatte
akkers fan boer De Hoop fan Wynaldum
dêr’t we tegare foar de aksy Geven voor Leven
de earpels út’e klei klauden en hij teugen mij sei
‘ je moet niet zoveel kletsen, doorwerken potverdorie! ’

fanaf dy tiid had ik groat respekt
ja bewondering foar de man
omdat ik toen sach dat échte gelearden
su nau en dan ok modder onder de nagels hewwe
krekt su as jonkjes út de Noarderhoek

1 reaksjes op “Bewondering foar un erudyt man

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *