
It earste Fryske Boekebal wie yn 1997. It wie de iepening fan de Fryske Boekewike. Dat evenemint waard doe al in pear jier organisearre troch stichting It Fryske Boek om’t de Fryske literatuer yn de boekwinkels net genôch omtinken krije soe. Dy earste jierren waard de boekewike iepene mei it Skriuwersmiel, in literêr itentsje foar skriuwers. Om de lêzers der mear by te belûken krige Fryslân yn 1997, nei Amsterdamsk foarbyld, in eigen boekebal.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân