Hein Jaap Hilarides

Joppe (fragmint)

logo.ensafh

Hy ried nei de seedyk ta. Hy hie der hieltyd faker ferlet fan om allinne te wêzen. Yn de planning fan de kontrôles hold er der rekken mei. Boppe op ’e dyk seach er de dakken fan it azc tusken Raarendt en de seedyk. Yn in blauwe loft dreaunen grutte griiswite wolken, ien glied foar de sinne. Perselen ierappels wienen lofklapt en deasproeid. Gielwite stompkes stutsen út de rêgen.
Hy rûn de dyk del. It wie leech wetter. It Amelân lei as in oaze yn in slykwoestyn. Healwei de top fan de dyk en it stik dêr’t de tarre begûn, gie er yn it gers sitten. Hy liet him achteroer falle. Op ’e rêch, mei de earms ûnder de holle, seach er foar him út. Under oan ’e dyk leinen Bûter en de oare skiep yn it gers fan de pôle.
Mear as njoggeneninheale moanne wurke er by de gemeente. Hy moast noch goed twa, hoe soe er dat folhâlde? As storein miggele de ferfeling op him del. Alle mooglikheden dy’t him foardienen om net op ’e keamer fan Miljeu hoege te sitten, griep er oan.
Hy skuorde in gerske fan ’e dyk, draaide it yn ’e hân en gong op in earmtakke lizzen. Op ’e dyk stie Terpsi, yn in ljochtbêzje bloeze en in lange kleurige rok.
‘Hoi,’ sei se.
Hy gie oerein sitten en groete werom. Se die in pear stappen nei him ta.
Nei in skoftke knikte er nei it Waad.
‘Moai, fynst net?’
It klonk bespotlik.
‘Ja,’ sei se. Hy hearde fûgels, seach de wjerspegeling fan de wolken yn it slyk. In pear grutte lammen mei earmerken draafden op de pôle om. In swart laam lei mei de holle op ’e rêch fan in witen. Doe’t de swarte ei fuort rûn, fleagen it swarte en wite laam achter har oan. De mem gie lizzen. De lammen krûpten tsjin har oan.
Terpsi seach nei de skiep.
‘Wolst net sitte?’ frege er.
Se like yn bestân te stean. In meter fan him ôf gie se yn it gers sitten.
‘Kom,’ sei er, ‘wy geane nei Bûter.’
Se rûnen by it stek lâns.
‘Hee, kom hjir ris,’ rôp er. ‘Kenst Terpsi net mear?’
Hy lokke it skiep mei in Werther’s Echte. Terpsi kaam by him te stean.
‘Dit is Terpsi, ommers.’
Se stuts in hân út om te aaien.
Bûter rûn fuort.
‘Toe, jong,’ rôp er sabeare-lilk, ‘kom hjir!’ Net-begripend seach er Terpsi oan, lake.
‘Echt wier, gewoanwei bliuwt er stean.’
Ik oerdriuw, tocht er. Ik sil serieuzer dwaan. De lêste pear suertsjes goaide er nei de lammen.
Nei in skoftke rûnen se de basaltpier op. It Waad rûkte nei see en wyn. It iennichste dat er hearde wie it lûd fan strânljippen en seefûgels. Net in skiep balte. Op ’e ein fan de pier joegen se har del. Se skikten har op de rûge basaltblokken. Terpsi sei: ‘Ik ha wat besletten.’
‘Wat?’
‘Ik gean nei Darwan.’
‘Werom?’ sei er ferbjustere. ‘Nee.’
‘Oer in pear wike.’
‘Mar…?’
‘Kom,’ sei se, ‘wy rinne in eintsje.’
Hy draaide him yn ’e rjochting fan ’e dyk. Terpsi rûn it Waad op.
‘Hee,’ rôp Joppe, ‘wat dochst?’
In meter fan de basaltpier ôf stie se oan de knibbels ta yn it slyk. Mei muoite koe se it lykwicht hâlde. Hy pakte har hân. Se draaide har om yn it slyk. Doe luts er har by de pier op. Glimkjend gie se sitten.
‘Ik tocht dat ik dêr rinne koe.’
‘Dat hat noch noait kinnen,’ sei er, de gek mei har hawwend. ‘Wês bliid datst der net oan de nekke ta yn sitst.’
‘Hie dat kinnen?’
‘Nee, hjir net.’
Se die de rok út.
‘Dy moat droegje. Sjoch, hoe smoarch!’
Hy seach nei har skonken. As se him net sa sneu oansjoen hie, hie er laitsje moatten. Hy seach hast net iens dat se smoarch wie, de hûd fan har skonken kaam oerien mei de kleur fan it slyk.
‘Wêrom wolst werom?’ frege er.
‘Ik wol meihelpe it lân op te bouwen. En ik bin benijd hoe’t it derút sjocht.’
It klonk beret.

(De roman ‘Joppe’ fan Hein Jaap Hilarides ferskynt op 16 febrewaris en is it twadde boek yn ’e rige Fryske Modernen)