
Ek wa’t de ôfrûne tiid lekker lein hat te wintersliepen ûnder in dikke swiere stien kin hast net mist ha dat der in soad te dwaan west hat om oersettingen. Ik woe my mar net oanslute yn de rige minsken dy’t al in ‘plasje’ dien ha oer de fraach wa’t no krekt hokker tekst oersette mei en hokker kwalifikaasjes oft je dêrfoar al as net ha moatte ôfsjoen fan de foar de hân lizzende taalkundige en literêre ekspertize. Men kin omtrint fersûpe yn de giele plasse dy’t dêr al omhinne leit.
Wol die it my neitinken oer de betsjutting fan oersettingen en it lêzen dêrfan, mei ynjûn troch it sukses fan ferskate Nederlânske auteurs yn it Ingelske taalgebiet. Der wie fansels de daverjende ynternasjonale trochbraak fan Marieke Lucas Rijneveld dy’t foarich jier de International Booker Prize krige foar The Discomfort of Evening, de Ingelske oersetting fan har debuutroman De avond is ongemak. Mar der is bygelyks ek it troch de New York Times posityf besprutsen Summer Brother (Zomervacht) fan Jaap Robben, en Herman Koch dy’t mei The Dinner heech yn de Amerikaanske bestsellerlisten stie. Yn it ramt fan de ‘op ’e nij ûntdutsen klassikers’, dat hast in sjenre op himsels wurden is, wie der de suksesfolle publikaasje fan The Evenings fan Gerard Reve, en no’t de maitiid begjint ferskynt foar it earst in Ingelske oersetting fan Herman Gorter syn May.
Ik fernaam dat ik dizze oersettingen oars wurdearre as oersettingen nei it Nederlânsk of Frysk ta. In fertaling út it Nederlânsk nei it Ingelsk – of nei wat foar oare taal dan ek – like my wat hiel bysûnders, wylst ik it deanormaal fyn dat der fan alles út de hiele wrâldliteratuer en de folsleine literatuerskiednis yn it Nederlânsk en it Frysk oerset wurdt. Tagelyk ha ik wol de gewoante om as in boek yn it Ingelsk ferskynd is, it dan ek it leafst yn it Ingelsk te lêzen. Mar ik begûn yniens te twifeljen oan it wêrom dêrfan. Want it is net sa dat ik bygelyks de Italiaanske, Russyske of Japanske literatuer links lizze lit, omdat ik dy talen net behearskje – dy lês ik, en graach ek, yn oersetting. Hoe ferhâldt it lêzen yn fertaling him dan ta it lêzen yn de oarspronklike taal dêr’t in boek yn skreaun is?
De diskusje dy’t dêr sa no en dan oer oplôget, draait faak om twa arguminten: oan de iene kant wurdt beweard – ik doch dat sels ek wolris – dat je in boek yn de oarspronklike taal lêze sa’t it bedoeld is, dat it dêrmei it tichtst stiet by hoe’t de skriuwer it betocht hat, en dat der yn in fertaling altyd saken ferlern geane. Oan de oare kant wurdt útholden dat je in frjemde taal faak net sa goed behearskje dat je in boek yn dy taal goed lêze kinne en hielendal begripe kinne sa’t it bedoeld is, en dat krekt dêrtroch saken ferlern geane. Mar lêze we in boek überhaupt oait presys sa’t it bedoeld is? Is it moaier of nofliker om te lêzen yn in taal dy’t men sels it meast machtich is en it bêste begripe kin, of leaver yn de taal dêr’t de skriuwer in ferhaal yn betocht en kreëard hat? Wat is de taal dêr’t in ferhaal it meast yn ta syn rjocht komt? En dogge dizze fragen der eins ta foar al dy lêzers dy’t gjin oare taal behearskje as har eigen – sa as bygelyks in soad Ingelsktalige lêzers foar wa’t de boppesteande Nederlânske boeken no tagonklik wurde?
Want dat is fansels wêrom’t oersettingen sa belangryk en noadich binne. In ferhaal komt ta syn rjocht troch de ûnderfining dy’t it de lêzer jout, troch de tagong dy’t de lêzer krijt ta de ûnderfining dy’t yn dat ferhaal beskreaun is. In oersetting makket sa’n ûnderfining (út of oer in oare kultuer of taalgebiet) tagonkliker, omdat dy it de lêzer mooglik makket de beskreaune ûnderfining út har eigen taal en kulturele achtergrûn wei te begripen. Dêrmei komt it miskien noch wol tichter by as it lêzen deroer yn in oare taal.
En dochs is it ek just it tagong krijen ta in oare ûnderfining wat it lêzen yn in oare taal krekt sa nijsgjirrich makket, omdat in oare taal oare wurden en formulearringen brûkt en dêrmei ek nije ynsichten en wurden opsmyt. Dat is wêrom’t ik graach boeken yn it Ingelsk lês; omdat ik it in prachtige taal fyn, en der elke kear wer wat fan lear – mar dat jildt likegoed foar de Fryske en Nederlânske boeken dy’t ik lês. Lêzen giet úteinlik om in goed ferhaal, om de leafde foar taal en wat der yn taal mooglik is, en om it opdwaan fan nije ûnderfiningen. Ik tink dêrom dat ik De avond is ongemak miskien wol yn de Ingelske fertaling lêze wol. Om te ûnderfinen hoe’t in Ingelske lêzer in Nederlânske roman lêst.
Eigentrieds…besykje it mar ris, falt geweldich ta.