Piter Boersma

Foaropwurd 109

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 15 febrewaris 2008

Dit is al wer de tredde ôflevering fan 2008. It giet fluch. Men moat der by wêze.

‘Ik geniete fan de frisse lucht dy’t ik opsnúfde doe’t ik de ruten iepen sette,’ is in rigel út it ferhaal ‘Lytse dingen’ fan Froukje Postma. It is foar it earst dat fan Froukje wat op Farsk stiet. Yn 2006 wûn se mei in ferhaal de earste priis by de Junior-Rely en ferline jier wer mei in ferhaal, daliks ek mar in Rely Jorritsma-priis by de ‘grutten’. Yn De Moanne stie ek al in ferhaal fan har en ien fan ’e kommende Hjir-nûmers sille de lêzers har wer tsjinkomme.

Jo treffe yn dizze ôflevering ek in priuwke oan fan in nije Fryske roman, Joppe fan Hein Jaap Hilarides. It is nei Prospero fan Nyk de Vries it twadde boek dat ferskynt yn ’e rige Fryske Modernen.

Oanslutend op it foarige. Piter Boersma hat in fraachpetear hân mei Nyk de Vries oer syn skriuwerskip en dêryn is fansels ek it meidwaan fan Nyk oan it projekt Fryske Modernen ûnderwerp fan petear. It fraachpetear stiet op dizze Farsk, mar sil ek opnommen wurde yn it Farsk Jierboek 2007 as ynterfjoe mei in skriuwer dy’t him yn 2007 tige manifestearre hat. Fan Nyk de Vries ferskynde ferline jier ûnder de titel Motorman in twatalige bondel (Frysk en Nederlânsk) mei opfallende o sa koarte ferhalen en ek syn Nederlânske oersetting fan Porspero. Hy is sa as bygelyks ek Tsead Bruinja, Albertina Soepboer, Elmar Kuiper en Jabik Veenbaas in eksponint fan de nije skriuwersgeneraasje dy’t de ambysje hat om sawol binnen de Fryske as de Nederlânske literatuur in plak yn te nimmen.

Wat it presintearjen fan nij wurk oanbelanget leit de redaksje him der op út om in sa breed mooglik palet oan nij wurk op ynternet te presintearjen en dêrby giet it dan om sawol wurk fan oankommende skriuwers as auteurs dy’t al lang en breed in plak yn it literêre lânskip ynnimme. By de ôfdieling poëzy is dat te sjen oan it opnimmen fan in gedicht fan Ate Grypstra en ien fan Anne Feddema.

Op dizze Farsk stiet in priuwke fan it besprek ‘Diogenes yn Ljouwert’ troch Oene Spoelstra fan it boek Ljbje goed – Op nei de tonne fan Eric Hoekstra, dat yn it tydskrift Hjir ferskine sil. Farsk en Hjir wurkje gear en sille mei yngong fan 2009 fusearje. Ha jo al in abonnemint op Hjir? Nee? Gau dwaan, dan bin jo alfêst lid fan de papieren poat fan it nije tydskrift. Foar € 27,00 krije jo sân nûmers yn it jier tastjoerd en kinne jo meikoarten it hiele besprek lêze. Meld jo oan fia: redaksje@hjir.nl
Dat in priuwke fan it besprek opnommen is, hat oars mei as reden dat Eric Hoekstra syn boek in bondeling is fan weblogstikken.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *