
Atze van der Veen siet as in hearremyt op in skilderij út ’e iere renêssânse, tusken steapels boeken en boekekasten, dêr’t guon planken fan knapt wienen, sadat de boeken, dy’t der op stienen eins leinen op ’e rige boeken dêrûnder. In útspranteljend boekeuniversum. Hjir hearske in guodlike boekegeast, eigner fan in antikwariaat, dêr’t miskien heechút, ien of twa minsken op in dei binnenkamen.
Boeken alsa én goede boeken fansels. Dêr soarge Atze wol foar. Boeken, jawis…heech opsteapele… besteapele… ûndersteapele… fersteapele… neam mar op. In skatkeamer as de tombe fan Toetanchamon… hillige serendipiteit, foar wa’t der tiid en muoite foar naam om by Atze te sneupen en te strunen.
Atze siet yn in noflike stoel, slofkes en in waarm fest oan mei in tige yngenieus, grimelgrammelmotyf derop en mei syn knypbriltsje en in kalotsje op mei in kwastje deroan, spesjaal kocht as attributen, om der ek werklik út te sjen as in antikvaar út ’e njoggentjinde iuw, in libbensgrutte, selsbewuste karikatuer.
Mear as fiifentweintich jier wie er no al de grutske eigner fan syn alles, syn antikwariaat. Atze hie altiten al sljocht west op boeken en sa stadichoan, as er wer ris oan fêste wâl wie, it hie wier net de bedoeling west, wie er hanneltsjes begûn, in pear boeken fuort út syn samling, in pear boeken derby, wat ferkeapje wat keapje. Atze wie der efterkaam dat syn hert mear by boeken lei as by syn fuort-fan-’e-kust-wurk, it offshore barren, dêr’t er doe al hast tweintich jier yn wurke hie. Hy hie in aardich nustje sinten sparre foar de âlde dei en hie gewoanwei besletten om net op dy dei te wachtsjen en wat der ek fan komme soe, in antikwariaat te begjinnen.
Hy koe in wente keapje yn it sintrum fan it stedsje D. Frou en bern wienen net yn byld. Atze hie de knoop trochfeegd, it wie hoe dan ek ommers, syn libben en dat wie perfoarst noch net in sletten boek. Atze hie stomme graach hân, dat der foar elts boek dat der ynkaam ek wer in boek útgong mar al rillegau wie de ferhâlding negatyf west…OF!!…soe de optimist sizze…hiel posityf foar de boekeleafhawwers, in win win sitewaasje…ien boek derút…fiifentweintich deryn. En sa wie it dus fan bananedoasdei nûmer ien gongen. Boeken derby, derby, derby,…DERBY!
Keunstboeken en Dútske Literatuer wienen syn stôkhynders wurden. Dat Dútsk kaam om’t syn mem, Mutti, better sein, him fia har en har Dútske famylje, dy taal bybrocht hie. Syn Muttimemke – stoarn doe’t er tweintich wie, hja hie al hast fiif en fjirtich west, der wie perfoarst net op Atze rekkene, doe’t er berne wie –, miste hy alle dagen noch, syn heit,de reden dat er op syn fyftjinde út’e hûs gongen wie, net. In heit, dy’t him perfoarst net as in geskink seach,mear as in ynkringer, en dy’t him as er wer ris smoar wie, hast alle dagen, om neat in wan bruien joech, dy heit en oare famylje fan beide kanten, in soad wienen it net, wienen ek weirekke sa ûndertusken. Keunst alsa… it hie syn rêding west, yn ’e breedte fan it folsleine libben wie er earnstich tekoartkaam en dy skea woe er perfoarst ynhelle en dy hie er ynhelle…en hoe.
Atze koe syn kont amper mear keare fanwegen alle boeken. Lêsten hie er tocht, om’t er earst wat lêzen hie dêroer: ‘ Ik haw hast likefolle boeken as der eksoplaneten yn oare stjerrestelsels binne… no ja, yn ferhâlding dan fansels.’ Hy hie dat tinkbyld gau wer loslitten. Dêr kamen je ek net fierder mei. Ien goed boek wie al in stjerrestelsel op himsels en mear as genôch om in hiel libben yn troch te bringen. Atze hie mar ien libben en sa’n soad goede boeken, hy wie altiten op reis tusken de stjerren, yn heger sfearen.
Binnen de literatuer wie syn spesjaliteit: Goethe…Goethe, as wie it Batman of Superman, dy lêste wie er hoe dan ek foar Atze…syn superheld. Dizze foarm fan hillichferklearjen gong behoarlik fier, want wat Atze yn’e goedichheid, bûten troch de man skreaune literatuer, út leafhawwerij wol net allegearre oan Goetheparafernalia gearfandele hie : Goetheansichtkaarten… Goethepostsegels… Goethe-opbankbiljetten… Goethe-op-bierfiltsjes… Goethe-by-sûkeladerepenplaatsjes ensfh. en binnen de sjenres wienen der dan noch withoefolle klassifikaasjes en ûnderferdielings…froulju yn it libben fan ’e Dichtersfoarst… Goethemonuminten… Reisympresjes… Goethe en Schiller… Faust yn’e film… gean sa mar troch. Eins wie der gjin begjin en gjin ein oan.
Goethe wie op syn paad kaam troch it Dútsk en de boeken dy’t er yn dy taal lies. Om de twa sinnen yn boeken fan Dútske skriuwers út’e njoggentjinde en tweintichste iuw dy’t der ta dienen fûnen je wol in ferwizing nei…sis mar Him. Gjin blêd oan in Dútske beam of Goethe hie der hast wol wat oer sein. Atze, waans Dútsk wol goed genôch wie om yn Dútslân Kaffee und Kuchen of Bier mit Bratwurst te bestellen woe de taal better behearskje en kocht de folsleine Duden en oare wurdboeken en begûn mei selsstúdzje. Hy lies sels in boek oer selsstúdzje en yn twa jier tiid in fracht oan Dútske literatuer út alle literêre stylperioades. Sa hie er himsels de taal hiel goed eigenmakke.
Atze hie it hjoed mar drok hân… der hienen al trije minsken west en dat noch foar syn stikje middeisbôle en pantsje sneonske sop. Gjinien hie lykwols wat kocht, it koe him neat skele. Hy hoegde der net fan te libjen en earlik is earlik, dat hie fansels ek net kinnen. Ut ’e ferkeap fan boeken kaam net in soad jild binnen om mar ris in eufemisme te brûken. Atze hie de rie fan ’e dokter fan ’e offshoreklub opfolge, in goede keardel, dy’t de wrâld yn in breed perspektyf seach, en foar in aardich bedrach oandielen kocht en ynvestearrings dien. Je hearre gauris ferhalen fan grutte ferliezen mar yn it gefal fan Atze en it ‘leafhawwerijklupke’ lytse ynvestearders dêr’t er by siet, foel dat behoarlik ta. Al tweintich jier lang kaam der alle moannen in wikseljend jildbedrach op syn rekken binnen. Alles byelkoar koe er himsels rêde en oars die er gauris in putsje as leadjitter, dat die er der ek al by op it boareilân, of hy kroep yn ’e rôl fan strjitfluorder. In moai nusje wenten yn D. hienen paadsjes om ’e hûs hinne, dy’t troch him fluorre wiene. Hoe dan ek: in fetpôt wie it der net by Atze mar hy wie lokkich en de bôle dy’t de boeken him oplevere wie ryklik mei tefredenens belein.
De âlderwetske antikwaar wie nammers wol mei syn tiid meigongen. In iPad lei yn ’e skerte fan Atze en koe hommels aktivearre wurde as him wat yn’t sin kaam. Sa koe er moai in pakketsje folgje dat út Dútslân ûnderweis wie en no op dit stuit, neffens de Track and Trace-koade hast by Atzes Antikwariaat wie. In net befreone kollega út ’e haadstêd hie oars ris denigrearjend sein: ‘Dat is gjin antikwariaat… mar in boeketsjerkhôf!’ Wat kaam der oan? Atze fûn dat er der net sûnder koe…in kopy fan Goethes…Druckminenbleistift…syn fulpotlead. Goethe hie wát gek west op de doetiids nije Ingelske útfining, it skriuwen dêrmei hie in iepenbiering west en joech de geniale geast in enoarm soad tink- en prakkisearromte derby. Goethe fûn de guozzefear plan út in ferskrikking om mei te wurkjen. It geskras en gesproei fan ’e fear op it papier wie in grutte boarne fan argewaasje foar Goethe. Sá grut sels dat it al mear as genôch wie om in begjin fan godlike ynspiraasje al by de berte yn ’e geast, te smoaren. Meikoarten soe Atze alsa ek skriuwe kinne mei it âlde, nije skriuwark fan it literêre fenomeen út Weimar. Literêre epistels soenen net gau in wei út Atzes geast fine mar hy koe wol moai de yn- en ferkeap byhâlde yn syn rútsjesskrift, dat koe fansels ek mei in BIC mar dit wie dúdlik in foar him ûnmisber, wer op’e nij te foljen attribút, fan in hillige.
Dêr gong de doarbel en Atze hearde de stim fan ien… dat moatst de pakketbesoarger wêze, dat koe net misse. Yn ’e gauwichheid foel er sawat fan ’e trep… dêr moatst er goed omtinke, hy wie de lêste tiid wol gauris út balâns…. efkes letter stie er mei in kreas ynpakt doaske yn ’e hannen. Hy soe it aanst boppe útpakke, earst noch efkes in bakje tee en in stikje koeke meinimme.
Der bestiet in momint yn ’e tiid op in bepaald plak ûnder de juste, ferkearde omstannichheden… litte we sizze it antikwariaat fan Atze op dy sneontemiddei.
Atze van der Veen hâlde mei in strieljend antlit de goed sechtich gram fan syn nije Goethe-oanwinst omheech… hookstrooks klonk der in, earst stadich begjinnend sawat foarsichtich, skuorjend kreakjen… it lûd kaam by it finster wei en kaam rôljend op Atze ôf… hy seach tige ferheard op… om him hinne samle har in net sichtbere enerzjy, eat tusken ymploasje en ekploasje yn.
Hy koe it net sjen mar it like as kamen alle boeken, stik foar stik in eintsje út’e bananedoazen omheech en waarden se trochelkoar smiten, de letterkes dûnsjend, en doe’t alles wer in bytsje te plak kaam, like it as hiene se alles yn’e striid smiten om mear as ea tefoaren oanwêzich te wêzen yn de foar har bedoelde romte. It wie as wie Atze no kaptein op in skip en de planken flier de see, dy’t mei boeken as weagen op him ôfkaam. Mei de kopy fan Goethes fulpotlead tsjin him oan klamme, ferdwûn er in ferdjipping nei ûnderen en kaam op in oseaan fan noch mear boeken telâne.
Sa fûnen de helpferlieners de ûnfertúnlike antikwaar en waard Atze lanlik nijs. De synyske net befreone antikwaar út ’e haadstêd hie gelyk krigen. Dizze man koe de reden fan Atze syn dea net, mar hie er fan ’e hoed en de râne witten dan hie er grif sokssawat sein as: ‘ Tja…neffens my hie er better in faksimile fan in guozzefear fan Goethe bestelle kinnen.’
Machtich moai ‘ferhaal’ of dochs ‘based on real events’?