
De goddelijke komedie fan Dante Alighieri, in klassyk dichtwurk út it begjin fan de 14e iuw, krijt in nije oersetting. Utjouwer Blossom Books mikt dêrmei op in jonger publyk. Yn De goddelijke komedie giet de haadpersoan del yn de Hel, it ivige ynferno, dêr’t er it lot fan ferskillende histoaryske personaazjes oanskôget. De Hel is in groulik plak, dêr’t elk krijt wat him takomt. Karma is a bitch, soe hjoed-de-dei sein wurde.
By Dante sit ek de profeet Mohammed yn de Hel. Behalve yn de ferzje fan Blossom Books. Dêr is de profeet samar út de tekst ferdwûn, en alsa ek út de Hel.
Lês fierder by Omrop Fryslân