Trevor Scarse

Op fakânsje

logo.ensafh

Wannear’t ik de doar út stap, wurd ik begroete troch hjerstich sinneljocht dat in noflike oranje gloede oer it gehiel útspraat. Mei in pear stappen bin ik op it strân, de weagen skolperje oer it sân. In pear libellen gûnzje om my hinne en kinst de skaden fan fisken yn it wetter sjen. Gean even op de loaie stoel sitten tusken de pompoenen. Dy kinne aanst rispe wurde en omtsjoend wurde yn lantearnen, yn ferskillende soarten en maten en fjouwer kleuren.

Helje it ark út de bûse en doch myn deistige rûntsje oer it eilân. Fossilen út de grûn, appels en ikels út de beammen skodzje en sa no en dan de bisten dy’t hjir wenje dei sizze. Elk is like fleurich, freegje my wat myn favoryt drinken is. Se reagearje entûsjast op al myn antwurden, oft ik no bier, wyn, miich mozzarella of ammoniak sis. “No asto it sa lekker fynst, sil ik it ek mar ris probearje,” is it standert andert.

As ik te folle spul yn de bûsen ha, gean ik nei de winkel om it te ferkeapjen. Ek even sjen wat se no wer yn de etalaazje ha, fan meubilêr oant muzykynstruminten en behang oan ta. Guon spul is idioate djoer, mar dêr is in goede oplossing foar. It jild groeit hjir oan de beammen.

Wannear’t ik myn werklike doar út stap, wurd ik begroete troch in selde sintsje, mar no kin ik him ek noch leech yn de loft hingjen sjen. Ik helje myn fyts út it hok en fyts it koarte eintsje nei de fytsmakker. Trije moanne lyn moast it eftertsjil ferfongen wurde en no moat de spanning fan de speaken even opnij besjoen wurde. Moat bûten wachtsje en dêrnei wurde myn gegevens op paslike ôfstân opskreaun. Kin de fyts wierskynlik woansdei wer ophelje.

Nei in pear bluisterige dagen fan binnen sitten ha ik wol wer nocht om in stikje te rinnen. Kies foar it wenstige paad nei it kanaal. Rin kordaat de sebrapaden oer, de auto’s ride stadich genôch om har oan de ferkearsregels te hâlden. By elk dy’tst op de stoepe tsjinkomst, is it sjen wa’t nocht hat om in omgeande beweging te meitsjen en hoefolle ôfstân oft we hâlde wolle.

De winterjas is eins wat te waarm foar dizze dei, dat ik rits him heal iepen. It kanaal leit yn it skaad fan de hege beammen en huzen. De leechsteande sinne hat gjin nocht om der oerhinne te kypjen. It wetter skolperet blier, wylst ik trochstap. As ik tichteby myn ôfslach nei hûs kom, ha ik myn nocht noch net. Dat ik rin fierder, de brêge oer nei in stikje ‘bosk’ dêr’t krekt genôch beammen stean om even ‘út de stêd te wêzen’. Net dat je dêr lang fan genietsje kinne, it bosk is net folle mear as 200 meter breed en lang. Och, je binne even yn it beamtegrien en it falt wol ta hoefolle minsken oft de hûn útlitte.

Dan is it dochs echt tiid om it paad nei hûs op te sykjen. Dit kear is de brêge iepen – of ticht, it is mar hoe’t je it besjogge. Alle auto’s moatte brommend wachtsje, mar de fytsers en kuierders kinne gebrûk meitsje fan hegere sydbrechjes. Ik slút my by de stream oan.

In plat frachtskip komt der oanstomen. Yn it iepen rom binne in pear grouwe bulten modder en stien te sjen. Ik bliuw midden op de brêge stean, sjoch it skouspul oan. De stream fuot- en fytsferkear efter my lit de brêge in bytsje dynje, as sit ik ek op in skip. It skip fart ferrassend flot en al gau ferdwynt de earste bulte ûnder my en de brêge. Der sitte in stik as seis fan sokke bulten yn it lange rom. Op de boaiem lizze grouwe stienen yn in laachje wetter, mar de punten fan modder sjogge der noflik sêft út.

“Spring der mar op,” seit in âld mantsje neist my tsjin de frou, dy’t ek stean bleaun wiene. “Don’t mind, if I do,” sis ik lûdop en spring oer de lege reling hinne. Ik plof op ien fan de bulten del, in fal fan net iens trije meter. De punt fan de bult hat wat mear keizels foar in echt sêfte lâning. Hawar, ik graaf tefreden myn kont yn de modder. Sittend op myn nije troan dream ik, oer wêr’t ik hinne gean kin. Sûnder mis Dútslân, en dêrnei lekker fierder de wrâld yn. Sjen oft ik ek in pear fan dy jildbeammen yn it echt tsjinkomme kin.
Myn dreamen wurde rillegau fersteurd troch it flokken fan in bemanningslid. Driigjend mei de plysje wurd ik fan de bult ôf bonsjoerd. Foardat myn reis begjinne kin, wurd ik alwer oan de kant setten. Moat noch in goede meter springe nei de wâl ta. Kin krekt hâldfêst fine yn it gers, mar spitigernôch giet ien foet te wetter. It skip set ôf en ik sykje teloarsteld de dyk wer op. Oare kear better.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *