
Wy befine ús hjoed yn it ‘Gemeentekantoor Leeuwarden’, ja dat gebou by de Aldehou. It is yn de iere maitiid 2021, mar it is kâld, geduerich falle der maartske buien en sa no en dan is it plein foar it gebou oer folslein wyt fan ‘e hagelstiennen dy’t ek noch yn ‘e flecht, yn hechte gearwurking mei de wyn, de ruten dêr tamtearje. It is noch lang gjin maitiid sa as maitiid bedoeld is. Men soe der waarsiik fan wurde.
It is stil yn it gebou, want der hearsket noch hieltiten koroana; dêr sit ek al gjin skot yn.
In protte amtners wurkje thús, meie net iens op it wurk komme en hja ‘zoome’ hiel wat ôf. Want ja, it wurk moat al trochgean yn ‘e gemeente. Eins is it fierstente drok, wat dat wurk oangiet. Amtners suchtsje ûnder inoar wolris yn de ‘nei-zoom’: ‘om my hoegden wy net al dy doarpen der by, de stêd allinne wie eins moai genôch’, wie it mar wer krekt as eartiids. Mar dat binne meast de al wat langer sittende wurknimmers, dy hoege net sa lang mear. Dy sitte de tiid wol út.
Amtners geane oer in soad, mar Grut-Ljouwert ha se net opkeare kinnen en no sitte se der mar mei. Al dy doarpkes en útbuorrentsjes mei harren skytprobleemkes: it korps hat te min jild, it doarpshûs lekt, der is in beam te folle omseage of in beam te min, dat komt ek foar, der sitte trije tegels fan it stoepke yn ‘e Buorren los, it heechhout oer de opfeart is hast trochrotte, de skoalle hat te min learlingen… Wêr giet it oer? Wy ha wol wat oars oan ‘e holle: Flietsône, Spoarsône, drugspannen, WMO, Earmoed en skulden, Lelylijn, Cambuurstadion, Cambuur kampioen Jeugdhelp, Big Society, Sealen Skaaf. Need i say more?
Ien fan dizze amtners, de namme docht der no neat ta, treffe wy dizze heukerige tongersdeitemiddei op syn wurkplak op de twadde ferdjipping, neist de lift. Hy hat neist it skoalfersom (Leerplicht) en it learlinge- en WMO-ferfier ek noch wat kultuersaakjes út ‘e doarpen yn de skuon skood krigen. “Jawis, dat giet fan iepenloftspul oant kuiertochten en fierder alles wat der tuskenyn op ‘e doarpen oan goed bedoelde ferdivedaasje útfûn wurdt. Aardich hear, mar wat moat ik der mei!? Fan ‘e wike wie der in mail oer de City of litter, eh… toe..liteter, literature, ja! Nota bene! It hat nei’t it skynt wat mei de Legacy te krijen is my ferteld, fan in pear jier werom. Wat mei Reuzen of sokssawat. Haw ik faaks mist, miskien wiene wy doe mei fakânsje, mei de caravan. Mar jonges… dêr kinne wy ús skoandere tiid dochs net oan besteegje. Wat sei? O, ja, jo ha gelyk, dat wie dan wer wol fan Ljouwert. Hawar.
Fan ‘t hjerst ha wy dat gedoch wer mei dy dichters. Al sawat! Se binne fan Littenserdiel út wend in skoft nei de simmerfakânsje in poëzyfeestje te hâlden. In dichtersfeestje! Der wurde in stikmannich opstjoerde gedichten troch in sjuery útkeazen. En dat moat dan ek noch allegear yn it Frysk, Nederlânsk is der net by, gjin wurd! Doch normaal net!? No, ja… De bêste skriuwers krije dan in slúfke mei in bedrach deryn. En se drage it gedicht of in stikje út it winnende ferhaal foar. En nei ôfrin is der in drankje. Fine se leuk… tsja.
In âlde deade dichter neamd Rally, eh… Jelly of nee, Rely Jorritsma, hoe komt in heit derop, út Jellum, ik wist net dat dat by ús hearde, hat betocht dat syn neilittenskip nei sokke doarpsdichters moat. En dat meie wy dan as Grut-Ljouwert organisearje en útfiere. Kom op sis! Ik ha de ‘wethâlder kultuer’ witte litten dat ik soks net mear oan tiid ha, myn FTE’s binne echt folslein op, sit gjin rek mear yn. En mear syktefersom sitte wy ek net op te wachtsjen, wol? Boppedat, wat sjitte wy der as Gemeente Ljouwert mei op? Omrop Fryslân komt tsien minuten del, der komt in heal kolomke yn it Friesch Dagblad en as it treft skriuwt de LC ek noch wat, mei in foto. As der romte foar is. Mar dat is it dan ek wol. Wy ha dat as gemeente no twa kear dien en dat hat moai west. Dêr kinne wy ús boargemaster dochs net mear foar opdrave litte. Dan helje wy de Vooravond nea of it Achtoere-sjoernaal, of Op 1, of Jinek en Beau. En dan wolle se dat ek noch altyd op de frije sneon ha. Yn it wykein! Ik ha it amtlik advys jûn: kappe mei dy ûnsin. As se dêr op it fuottenein in feestje ha wolle, bêst genôch, mar dan moatte se dat mar lekker sels regelje!”