20-04-10 Symposium oer Rink van der Velde en de oarloch

logo.ensafh

Nei oanlieding fan it ferskinen fan de omnibus De oarloch fan Rink van der Velde, mei
dêryn de romans Beafeart nei Saint Martin, De Ofrekken en Alde Maaie organisearret
de Friese Pers Boekerij yn it ramt fan it Rink van der Velde-jier in symposium oer it
tema Rink van der Velde en de Twadde Wrâldoarloch.

Plak:

Doopsgezinde Gemeente, Zuiderbuurt 28, Drachten
Tiid: tiisdeitemiddei 20 april 2010, 14.00-17.00 oere
Entree: fergees (sjoch foar oanmelding hjirûnder}

Programma

Oanfang: 14.00 oere. Iepening troch diskusjelieder Geart de Vries,
direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden

Lêzingen:

1. Hans Groeneweg, konservator fan it Fries Verzetsmuseum, oer:
De feitlike histoaryske achtergrûn fan in tal romans oer de oarloch
(Rjochtdei op de Skieding, De Fûke, Alde Maaie, It Guozzeroer)
2. André Bralts, letterkundige, oer: De ferwurking fan de oarloch yn de romans
fan Rink van der Velde (De Fûke, De Ofrekken, De lange jacht, Rjochtdei op de Skieding,
Alde Maaie, It Guozzeroer)
3. Piter Boersma, letterkundige, oer:
Hoe ferhâldt Rink van der Velde syn wurk him ta it algemiene byld fan de Fryske
literatuer oer de oarloch?

Skoft

Twadde diel fan it program: Neipetear tusken ynlieders en publyk ûnder lieding fan Geart de Vries
Ofsluting: 17.00 oere

Oanmelding foar it symposium

Belangstellenden kinne har foar dizze middei opjaan foar 14 april 2010 by: jelma.knol@ndcvbk.nl
Sjoen it beheinde tal plakken yn de seal fan de Doopsgezinde Gemeente is in opjefte yn it foar needsaaklik.
Minsken dy’t har ynskriuwe, krije berjocht.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *