Edwin de Groot

Betsjoend troch Schaafs sûnder sweltsjes

logo.ensafh

Grytsje Schaaf (Ljouwert, 1979) is arsjitekt, sjoernalist en as dichter publisearre se al yn Doar, Hjir en De Moanne. No debutearret se by de Friese Pers Boekerij mei har gedichtebondel sûnder sweltsjes. De titel is in moaie metafoar foar ‘it gefaar’ dêr’t op it omkaft praat fan is. Sûnder fûgeltsjes op in rút kin ien der gau by opfleane. En hokker gefaren sitte der yn dizze bondel? Dat moat de lêzer ‘sûnder falskerm yn poëzy fol beferzen bylden’ útfine.

Grytsje Schaaf signeert

De bondel is opdield yn seis skiften, it earste is ‘Flústers’. Fuort falt op dat Schaaf de arsjitekt net thús lit en de frije dichtfoarm noch frijer makket mei echo’s út dadaïstyske tiden. ‘Flústers’ is in sterk begjin fan dizze bondel. Schaaf lit sjen net allinne in foarm sterk ynsette te kinnen, ek har taal is orizjineel en ryk. De fiif gedichten út dit skift flústerje yndied, hoe skrinend de ynhâld bytiden ek is. It gedicht Unbidich bêd set de sfear yn in soarchynstelling del sa as it is en ik kin it witte. Ik ha der sels yn wurke en nettsjinsteande alle goede bedoelings, it bliuwt in sintrum fan ferdizenje, fan ferdwinen.
Dat ferdizenje is prachtich foarmjûn mei

azemje yn: neat te melden

yn lytsere letterkes en út de struktuer fan it gedicht weiset. Function and form are one! De persoan yn dat ûnbidige bêd liket sa ûnbelangryk (en tragysk) te wurden. Better: de persoan is ûnbelangryk (en tragysk) wurden. In hichtepunt (hoe navrant ek) fan dit skift.

Oan it twadde skift ‘Ferjitte’ de eare om it nivo fan it earste fêst te hâlden. Al nei twa rigels sjit my Albertina Soepboer yn ’t sin. Taal, sfear en de ridlik tradisjonele foarmjouwing stjoere my dêrop oan. Yn it tredde gedicht jout Schaaf lykwols de arsjitekt wer it frij. Har taal en foarmjouwing bringe my mei

op it kleurpotleade-grien gers út technicolor dreamen (…)

LSD (‘Lucy in the Sky with Diamonds’) yn ’t sin. Mar ja, sa ynterpretearje ik it gedicht en dat is by elkenien oars. De Bee Gees sjonge yn har liet ‘Technicolour dreams’ ommers al fan ‘Nothing is never as it seems’. En om efkes by de popmuzyk te bliuwen; tafal as net, mar yn it twadde gedicht fan dit skift hat Schaaf it oer

(…) har rút, in doar nei razernij (….)

en is dat, no de popmuzyk der dôchs byhelle is, faaks it rút fan Status Quo?

Technicolour dreams of you and me,
if I could escape through the window of my mind

No haw ik Status Quo noch nea betraapje kind op literêre kwaliteit (al is dat in nuodlik begryp) en grif komme se net yn de buert fan Schaaf har teksten, dus it sil wol tafal wêze. Der hiene om my trouwens wol wat sweltsjes op it rút fan mannich popster syn mind sitte mocht. Mar dit fansiden.

It tredde skift ‘fan wjukkehier en blauwe earen’ wykt ôf fan de rest fan de bondel. Tige tradisjoneel en op elke side in kwatryn. In protte leech papier mei by my in ‘Kearsinne’ déja-vu ta gefolch. In bondel fan Albertina Soepboer. Dêr is se alwer. Perfoarst net in diskwalifikaasje. It taalgebrûk is fan heech nivo en jout de lêzer moaie bylden dy’t in berop dogge op alle sinnen:

De blauwe-earen-man
skriuwt ferhaaltsjes op it trommelflues
priuwt se dêrnei bitterswiet
fan it sintrum op syn tong

Utdaagjend en prikeljend. In reis, wurge reizgers, in kondukteur? Poëzy mei (moat?) fragen oproppe en dat docht it by my yn dit skift by it soad. ‘Gjin bellen’ is it fierde skift. Kwa foarm wer tige frij. Kwa lingte mar twa gedichten mar mei ‘Magic Hour’ in boppeslach.

Do        hingest tsjin   sl i e   p   oan
Yn   myn      ûnmjitlik   dekor
driuwt  it         tsjuster      oer

Moai, hoe’t hjir yn ’e foarm it weisakjen, it stûkjen sûnder ritmyk yn foarmjûn is. Foarm as taal eins. It skift ‘Gûchelspul’ stelt my mei sa’n titel yn op tsjoenderij en dat komt net út, of wol? Yn it earste gedicht falt my de stielhurde realiteit kâld op ’e lea.

Tusken de stiennen kolossen rint,
yn streamen sûnder ein,
it foarprogramearre griis krekt nei fiven
fuort fan hûs
op wei nei prefabs dy’t
waarm en mei gastronomyske presyzje
de picture-perfect-partners ûntfange

It wurkplak is in thús en ienris thús is de thúskommer eins de/te gast. Moaie omdraaiing. Dôchs gûchelspul fan Schaaf? Yn dit skift ek it gedicht ‘Beeling’ dat earder ferskynd is yn ‘Poëtisch Leeuwarden, een wandeling in gedichten’. Schaaf skriuwt yn dat gedicht oer in wilens ferdwûne antyksaak en docht dat sa treffend dat de mankelikens der ôfdript.

Yn it lêste skift ‘Hjir’ lit Schaaf de foarmjouwing noch in kear it frij en komt yn it twadde gedicht Paul van Ostaijen wol hiel tichtby. ‘Heakje’ (it earste gedicht fan dit skift) appellearret by my oan de tiid fan froeger (hear my), de tiid fan útgean en het slot is mei har lêste gedicht izersterk. Se komponearret twa gedichten yn ien oer it eardere East-Berlin(?) en set twa senario’s (meigean of der tsjinyn) byinoar. Moaie fynst. Schaaf hat my betsjoend mei rynske taal en nijsgjirrige foarmen en dat kinne pynstillings wêze by de hurdens fan de werklikheid as dy by wêrlêzing troch al dizze moaiïchheid trochkringt.

Grytsje Schaaf hat each foar it gefaar om yn in skynbere beskave maatskippij oerlevere te wêzen oan de sintetellers yn ‘e sûnenssoarch of om dyn hiele libben fêst te sitten yn de gribus fan de leanslavekultuer. Hja hat each foar it gefaar fan de selskant fan it libben of dy fan in diktatoriale steat. Gjin skokkend orizjinele ûnderwerpen mar wol hiel nijsgjirrich oanpakt. De dichteres lit har mei dit debút jilde as in alsidige dichter dy’t net ûnder ien predikaat te beflappen is. In oanwinst.

Schaaf - sûnder sweltsjes

Grytsje Schaaf, sûnder sweltsjes
Dichtbondel, 56 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2008
ISBN: 9789033006739
Priis: € 14.95

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *