
Sûnt de stavering fan 2015 sit ik tangele mei guon eigenskipswurden. Ik mis foarmen dy’t foarhinne gongber wiene en no net mear yn de foarkarswurdlist neamd wurde. Ik tink oan wurden lykas -tin- en ‑tinner- en it net mear neamde -tinder-. of -mâl-, -mâler- en dus it net mear neamde -mâlder-. Op himsels is dat net slim, mar it falt my op dat dy foarmen yn de praktyk net allinne hieltyd faker, mar ek hieltyd faker ferkeard brûkt wurde. Der binne dus hieltyd mear sprekkers dy’t dy foarmen gewoan fine. It falt my op dat soks net allinne foar it Frysk, mar ek foar it Hollânsk jildt. Alteast ik kom yn de beide talen datselde ferskynsel tsjin. Ik neam it lêste foarbyld dat ik op Facebook tsjinkaam. Sitaat: ‘Hopelijk wordt het nu iets beterder.’
Lês fierder by It Nijs