Henk Nijp

‘Vegan’

logo.ensafh

It past fansels net byinoar ‘vegan’ en geitewol, mar it feganisme hie in jier of wat tebek noch wat in geitewollensokkerich imago en it is no werklik ‘booming’. Yn 2006 telde ús lân 16.000 feganisten. Fiif jier letter binne der tusken de 50 en 70.000!
Oeral wat yn ‘e fierte mar in bytsje mei in plant te krijen hat, kriget it label ‘vegan’ as dat goed útkomt. En ek dingen dy’t út soarte fan in plant of beam komme, krije dat stimpel opdrukt. Sels hout wurdt tsjintwurdich as ‘vegan’ oanpriizge, mar dat wie it ommers altyd al. Dat is hielendal net nij, mar soe it wêze kinne dat it better ferkeapet mei sa’n etiketsje? Lêsten kaam ik fegan skuon – ‘sneakers’ – tsjin op it ynternet: de boppekant fan ekotekstyl, de soal fan koark en werbrûkte petflessen; se seagen der net iens hiel mâl út, mar ik wit fansels net oft se lekker rinne. Skearkwasten, chips, ûnderbroeken, koekjes, snobbersguod, gehackballen (ja, mei ck) en sels ‘vegan kip nuggets’, it kin allegearre sûnder dierlik materiaal. Dêr is neat mis mei fansels, hoe minder gedoch mei bisten hoe better.
Mar de reden wêrom’t minsken har bekeare ta it feganisme binne lykwols nochal wat ferskillend. Guon wolle it diereleed opkeare dat mei de produksje fan fleis en suvel anneks giet. Oaren dogge it om’t se tinke dat feganistysk iten sûner is. Wat men ek gauris heart, hat fan alles te krijen mei klimaat en miljeu.
‘Wurd feganist en rêd it klimaat!’ sa hjit it by in protte feganisten en fleisferlitters.
Sifers meitsje dat wol wat dúdliker; ast gjin produkten fan bisten brûkst, besparrest 850 kilo oan CO2 yn it jier fan de yn de totaal 1,9 ton CO2 dy’t wy op jierbasis produsearje troch iten en drinken, sa seit Milieu Centraal.
Mar ek produkten fan planten hawwe de noadige ynfloed. De berekkening is lykwols wat dreger. Beane en oare pûltsjes komme fan maaie oant septimber út eigen lân en by buorman Dútslân wei, moai ticht by hûs. Mar oan it begjin en oan ‘e ein fan it jier moatte de griene fleisferfangers ûnder mear komme út Egypte, Guatemala en Kenia. Foute boel! De ynfloed wikselt dus nochal wat troch it jier hinne. Der binne sa’n protte aspekten dy’t meispylje by it effekt op it klimaat fan ús iten en drinken; it is hast gjin dwaan om te sizzen hokker feganistyske produkten it swierst op it miljeu drukke. It is mar krekt wêr’st de fokus op lizze wolst.
De avokado is in goed foarbyld fan de tizeboel fan faktoaren dy’t achter it bepalen
fan it miljeu-effekt fan itensspul sit. Foar de produksje fan 1 kilo avokado is likernôch 1000 liter wetter nedich. Dêr komt noch by dat de fruchten hast altyd yn streken produsearre wurde dêr’t hast gjin wetter foarhannen is. Lannen as Chili, Perû en Súd-Afrika hymje ûnder de avokadogekte yn Europa. Net allinne de wetterfoarrieden, mar ek it lânskip en de biodiversiteit ha nochal wat te lijen fan de massaproduksje fan dy griene frucht. En dan ha wy it ek noch net hân oer de earmoede yn dy lannen. Troch de grutte fraach yn Europa en de eksport dy’t de prizen opjeie, kin de lokale befolking de avokado net iens mear betelje.
Klimaatbewust, ‘vegan’, ite bliuwt dus wat in puzel, mar ast minder as de helte fan de aaiwiten út dierlike produkten hellest en sa’n 80 prosint fan graan, oalje, griente en fruit út ‘e eigen regio en dat oanfollest mei produkten út oare lannen bist al gau in stik klimaatfreonliker dwaande en dochst it yn alle gefallen al in stik better as de yngreven karnivoar.
Mar wêrom’t bygelyks de wol fan in skiep net brûkt wurde mei, is my noch altyd net helder. My tinkt sa’n bist is simmerdeis dochs folle better ôf sûnder sa’n tsjok wollen flues? Lykwols mei sok waar as yn ‘e maitiid fan dit jier kin der dochs mar better even wachte wurde mei de tondeuze en de skieppeskjirre.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *