Skermer

Kompjûterliteratuer

logo.ensafh

Noch nea in bewegend gedicht fan Tonnus Oosterhoff sjoen? Sjoch: www.tonnusoosterhoff.nl. Kinst seis gedichten oanklikke. Ik beskriuw trije:
‘Monster’: Op it skerm ferskynt út ’e dize wei in skiere tekst, hieltyd dúdliker wurdend, mar dan komme oare rigels oer de earsten hinne te stean, in hieltyd yntinsere grymgram, dan seit in stim in oare tekst: ‘Hierdoor naar binnen naar buiten…’. Dan ferdwynt de tekst stadichoan en ferskynt hjir en dêr in wurd fan in rigel en sa geandewei it hiele gedicht.
‘Ik niet meer’: It wurd IK ferskynt, oer it hiele skerm sa grut, tusken en om ’e twa letters ferskynt geandwei in tekening fan allegear grimelige lyntsjes en figuerkes, hiel gaoatysk en yn dy gaos wurdt it wurdt IK geandwei lytser en ferdwynt it yn it middelpunt fan it skerm., de tekening bliuwt oer.
‘Slaaplied’: Earst ferskynt de tekst: ‘Muzyk – J.S. Bach, Sinfonia in es majeur, BWV 797 – Glenn Gould, piano.’ Dan begjint de muzyk en tagelyk ferskine der dichtrigels, ferdwine wer guon en komme der oaren foar yn ’t plak, oant der op ’t lêst in hiel gedicht stiet en de muzyk stoppet. De earste rigel dy’t ferskynt is: ‘heb je ’t gehoord; ze komen ons straks voltooien.’
Ik typte it wurd ‘kompjûterliteratuer’ (‘computerliteratuur’) yn. Earst de Fryske foarm. It wurd komt allinne foar op ’e webside fan Trinus Riemersma (www.myneigeneker.nl), yn in Ljouwerterkrante-kollum fan him út 2002. Willem Winters draaft ek op, want hy hat op dy kollum reagearre en sa docht bliken al yn 1996 oer deselde mooglikheid skreaun yn Frysk en Frij. It giet beide mannen om it idee fan it opsetten fan in databank foar skriuwers mei dêryn ‘sinneûndergongen, frijerijen, saaklike konflikten, rúzjes tusken âlden en bern, autoûngemakken en sa fierder’. Winters makket de opmerking: ‘It is as yn de byldzjende keunst. Guon keunstners meitsje alles sels, oaren brûke materiaal dat se hjir of dêr fine. Der is gjin sprake fan dat dy lêsten minder kreatyf wêze soenen.’
De Nederlânske foarm levere nêst de 89 resultaten, dêr’t it yn giet om boeken oer kompjûtersaken, trije op oer literatuer: twa artikels fan Arie Altena (ien oer de Dútske skriuwer Arno Schmidt, dy’t er in foarfaar fan ’e kompjûterliteratuer neamt en it artikel ‘Literatuur in tijden van media’) en de doctoraalscriptie Kunst en Kunstbeleid ‘Nieuwe Media- literatuur’ fan Mariëlle Gebben. Kompjûterliteratuer: in fassinearjende wrâld. Sjoch ris op: www.nobodyhere.com en www.gummisko.nl.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *