Kollum Aant Mulder: Draaioargels binne in geniet

logo.ensafh

It ûnthâld is net altyd like betrouber, mar dochs tink ik dat draaioargelmuzyk de earste muzyk west hat dy’t ik hearde. It hat der alles fan dat it tagelyk de muzyk is dy’t ik no it measte begjin te missen. Ik tink werom oan de merken mei draaimûne en sweef, dêr’t in ynboud draaioargel foar fleurige muzyk soarge. As bern draaiden we ús rûntsjes en as de draaimûne ta sweef omboud wie, besochten we swevend yn bakjes de beammen te reitsjen. De merkedagen yn it doarp rekken op de eftergrûn. Dêrfoaroer stie dat we stadichoan faker yn ’e stêd kamen, dêr’t yn guon winkelstrjitten samar in draaioargel stean koe, dat de prachtichste lieten spile. Fan draaioargelmuzyk wurdt ik noch altyd fleurich. Ik bliuw graach efkes stean om te harkjen. Troch de koroana reitsje de stêden mei drokke winkelstrjitten, folle terrassen en spyljende draaioargels likegoed op ’e eftergrûn. Ik hoopje fansels dat soks aanst wer feroaret.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *