
Twatalige dichtbondel OAR HÛS / ET ANDET HUS woansdeitejûn presintearre yn it Deenske Aarhus
Woansdeitejûn 16 juny waard de Deensk/Fryske dichtbondel Oar Hûs / Et Andet Hus presintearre op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus. Sân oanwêzige dichters – trije Fryske, fjouwer Deenske – droegen foar út de nije bondel, foar in moai protsje publyk fan oanhing en ynteressearren. Geart Tigchelaar hie de lieding. Hy wie dêrfoar de oanwiisde man, want de bondel azemet syn kreätiviteit en organisaasjekrêft. Mei Carsten René Nielsen makke er it grutste part fan de oersettings en hy skeat de swart-wytfoto’s fan Aarhus dy’t troch de bondel hinne struid binne. Boppedat is er de inisjatyfnimmer fan it projekt. As trouwe besiker fan de stêd betocht er yn 2018 dat er syn leafde foar Aarhus diele woe mei in pear Fryske dichters en harren yn ’e kunde bringe woe mei syn Deenske dichtersfreonen. It waard it begjin fan de dichtploech de Reade Runen, besteande út Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Tigchelaar sels. Yn ’e iere maitiid fan 2019 reizgen hja ôf nei Aarhus. Se treden dêr en yn Kopenhagen op, moeten Deenske kollega-dichters en begûnen in oersetprojekt. Foarich jier lei de frucht fan de útwikseling der al yn manuskript, mar Covid twong útjouwerij Hispel om de presintaasje yn Aarhus in jier út te stellen. Yn it neijier sil de bondel noch op ferskate plakken yn Fryslân oanbean wurde, uteraard yn bywêzigens fan de Deenske dichters dy’t wurk foar de bondel leveren.
Godsbanen – it eardere oerslach/treinstasjon fan Aarhus, no in kultuerhûs foar skriuwers en oare keunstners – lei der justerjûn simmersk by. Net suchtsjend ûnder in waarmteweach, mar helder en skerp en mei in hearlik eastewyntsje fan see. Aarhus is de reade tried troch de bondel. De Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Mads Mygind en Carsten René Nielsen waarden berne, wennen of wurken yn de havenstêd. En fan alle dichters yn dizze bondel stiet der in gedicht yn mei Aarhus as tema of as oanlieding. Utsûndering is Peter Laugesen. Syn fisuële gedicht ‘Retninger/Steder’ (Rjochtingen/Plakken), dat de bondel iepenet, waard skreaun op it waadeilân Fanø. ‘In poëtysker ferbining tusken Fryslân en Denemarken hiene wy ús net winskje kinnen,’ sizze Geart Tigchelaar en útjouwer Piter Boersma yn har ynlieding op de bondel.
Yn in bûnte optocht passearren de dichters justerjûn ien foar ien de revu. Elk droech in pear gedichten foar, mei de Deenske of Fryske oersetting dêrnei lêzen troch ien fan de oaren. De rige begûn mei Elmar Kuiper. Syn bydrage stie op film. Hy koe him dizze kear net frijmeitsje foar in dichtersreiske. Mads Mygind sluet de jûn ôf mei syn gedicht ‘de sinne is fuort’. Cornelis van der Wal liet dat sa klinke yn it Frysk:
de sinne is fuort
ik seach him moandei
efterfolge him by in hûsmuorre del
it is maklik om skeptysk te wêzen
en dreech om lokkich te wêzen
Nei in koarte útwikseling mei it publyk oer de betsjutting fan poëzy en dichterskip yn Denemarken en Fryslân gie elk syn nachtlike wei. Guon mei de iroanyske rigels fan Carsten René Nielsen noch yn gedachten: ‘Myn geheugen is sa min, dat ik my mar selden yn it sin bringe kin wat it is dêr’t ik nei langje.’ De oare moarns strúnden de Fryske dichters noch mar ris troch har Oare Hûs. In stêd hast noch sûnder toeristen, in stêd hast folslein sûnder mûlekapkes boppedat. Op ’e nij foel it op dat nimmen hjir hastich rint of fytst of praat. Sels de pakketsjebesoargers op har hippe bakfytsen lykje har gjin momint drok te meitsjen om oere en tiid. Nei in rige lockdowns is de stêd einlings wer fan de Aarhusianen sels. Faaks fiere se, om it mei Mads Mygind te sizzen, ‘det mindst forfærdelige samfund’: de minst ferskriklike mienskip. Tomas Dalgaard typearret it krekt wat oars oan ’e ein fan syn stikeldicht op de stêd:
Wy hawwe genôch oan ússels
Op dat punt ûnderskiede Aarhusianen harren net fan oare Denen
Freed sille Tigchelaar, Van der Wal en Wiersma noch op ekskurzje nei Samsø, in eilân foar de kust fan Aarhus. Carsten René Nielsen wennet dêr sûnt koart en sil ien fan syn ferneamde, anekdoatyske rûnliedings jaan. By brekkend ynternasjonaal dichtersnijs fan dat eilân berjochtsje wy jo uteraard op ’e tiid op ús wenstige kanalen.
Facebook: http://www.facebook.com/reade-runen
Twitter: @ReadeRunen

Elmar Kuiper wie digitaal oanwêzich

Geart Tigchelaar

Cornelis van der Wal

It boek leit al yn ‘e winkel yn Aarhûs

Carsten René Nielsen

Peter Laugesen

Mads Mygind