
‘Sies jonge, skink nochris yn, ik ferrêdzje my fan toarst. As dyn hearren der noch ta docht sil ik dy myn lêste fabel fertelle, de alderlêste. Nim der sels oars ek mar ien, want de wrâld giet mei alle skelmske streken lang om let foargoed nei de bliksem. Dat hast wis sels ek yn it nijs fernommen, of net dan?
Moatst witte, in fearnsjier lyn ha ik by oanskaf fan myn nijste Tesla in net min begnibbele hotelbon kado krigen en dy ha ik de ôfrûne twa wiken moai inkeld foar mysels fersulvere yn dat bûtenpleatshoteltsje dêr yn Beetstersweach
Lês fierder by Lomme Schokker