
oardel jier hanwosken,
mei gjinien fûstke,
thúsbleaun,
neuroatysk de lucht ferfarske,
mûlekapkes droegen,
ôfstân holden
ta de meiminsken,
de bern en bernsbern
amper sjoen,
oardel jier bang west
foar in firus
en dan stjerre oan in hertstilstân