
Wy ha de middeis om fjouwer oere ôfpraat yn de stasjonsrestauraasje fan Grins, de stêd dêr’t Nyk de Vries al fan syn studintetiid ôf wennet. Goed oardel oere ha wy foar it petear. Nyk syn tiid is beheind. Oer twa dagen sil er ôfreizgje nei Malavi yn it suden fan Afrika. It stasjon is dêrom it ideale plak foar ús petear en it sil bliken dwaan dat it yn ferbân mei de faze dêr’t syn skriuwerskip yn ferkeart ek in symboalysk plak is. Wy ploffe del en begjinne fuort.
Nei Malavi. ‘Ik gean der mei trije maten hinne. Nei in maat fan ús dy’t dêr tropedokter is. Myn maten bliuwe twa wike en ik hast trije moanne, om oan myn nij boek te wurkjen.’ Hy fertelt dat syn freon en syn frou yn in hûs wenje dat tweintich meter fan in mar ôf stiet, dat sa grut is as Nederlân, dat wol sizze yn de lingte. Hy is der optein oer. By it hûs is in gasteferbliuw en dêr sil er tahâlde. Hy tinkt dat er yn Malavi de earste ferzje fan it boek dien skriuwe kin.
Skriuwproses
Sûnt Nyk de Vries syn parttime baan as fakkefoller by IKEA opjûn hat is er full time artyst. Hy is skriuwer en dêrnêst muzikant. As jongfeintsje spile er yn the Amp en skreau doe mear as 130 nûmers, sawol de muzyk as de Ingelske teksten. No is er gitarist by the Negroes, de band fan Meindert Talma.
Dêr skriuwst neat foar?
‘Nee, dat docht Meindert.’
Mei Meindert Talma hat er trouwens syn earste stappen op it mêd fan ’e literatuer set. Se rjochten tegearre it literêr blêd De blauwe Fedde op, dêr’t harren boek De Blauwe Fedde yn petear út wei kaam, in boek mei bjusterbaarlike petearen mei ûnder oaren boer Sibbele Hietkamp, skriuwer Rink van der Velde en oersetter Klaas Bruinsma.
Skriuwe en muzykmeitsje, hoe kombinearrest dat?
‘Wy trede by riten op, sadat der genôch perioaden foar it skriuwen oerbliuwe.’ As ik him freegje oft er dan hiele dagen achterinoar sit te skriuwen, seit er dat er net in man is dy’t him opslút: ‘Ik wol tagelyk ek yn ’e wrâld stean, dat ha ik foar myn skriuwen ek noadich.’ Oan ’e ein fan ús petear prate wy wat yngeander oer it skriuwproses. ‘It skriuwen sels kostet wol muoite. Mar as it net wol, as de ynspiraasje der net is dan is der genôch oar wurk. Ik meitsje altyd oantekeningen op lytse papierkes, dy lizze it hiele hûs troch en al dy ideeën en ynfallen fier ik yn ’e kompjûter yn. Ik ha der in gigantysk bestân fan. Der is dêrom altyd in hiele protte technysk wurk te dwaan, want ik oarderje al dy oantekeningen troch se te kodearjen. Ik bin wat dat betreft in techneut.’
Mar bist der dus klear foar om de earste ferzje fan dyn nij boek te skriuwen?
‘Ik ha in ramt en dat brûk ik om op in stuit fêst te stellen wat der net yn past. Ik ha ek altyd in miniramt yn fjouwer wurden. Dan gean ik om sa te sizzen werom nei de motormanferzje.’
Skriuwe en muzyk meitsje, komt dat ek noch earne byinoar?
‘Ja, no mei de Motorman. Ik ha ûntdutsen dat ik by dy teksten muzyk meitsje kin. Dat der komt in Motorman-cd.’
De boeken oant no ta
Motorman is Nyk de Vries syn nijste útjefte, útkommen yn 2007. It befettet allegear miniferhaaltsjes, dy’t miskien ek as proazagedichten oantsjut wurde kinne. Dy ferhaaltsjes ferskille himelsbreed fan de twa romans, Rezineknyn en Prospero, dy’t er skreaun hat.
‘Yn de ferhaaltsjes wurdt per sin in byld presintearre, it giet byld foar byld. Kinst it ferlykje mei filmbylden.’
Wat der yn ’e Motorman-ferhaaltsjes bart is riedselachtich en spannend, wylst de krityk op syn romans krekt is dat der neat bart en dat se ‘saai’ binne. De krityk rjochtet him op it ûntbrekken fan in meinimmende hanneling en dêrnêst op it detaillistyske en op ’e dialogen, dy’t neatsizzend wêze soene.
‘Op dy romans binne de reaksjes meastentiids ekstreem: it wurdt geweldich fûn of hielendal neat. It giet yn dy boeken om wat tusken de rigels stiet. Dat is wat dat iksels ûntduts, mar wa’t dêr net gefoelich foar is, of it boek op it ferkearde momint lêst, dy mist wat. Ik fyn details belangryk, dy sizze in protte, gean mar ris by in kassa stean. En wat de dialogen oangiet,dêrby is myn útgongspunt: wat men seit is wat oars as wat men bedoelt.’
Men kin faaks krityk ha op ’e dosearring?
‘In bettere dosearring, dat is de ynset by it nije boek. Mar dy twa romans, dat is wol myn styl, ik stean dêr achter.’
De Motorman is ek dyn styl.
‘Ik hâld fan in spannend boek, fan in spannende film. Motorman is aksje, sa as James Bond. Ik merk dat by it foarlêzen fan in Motorman-tekst. Ik lês se stadich foar, oars giet it ferrin fan de bylden foar de harkers gauris te hurd. De romans en de Motorman binne utersten en foar it nije boek is it myn doel dat dy utersten nei inoar talûke sille. It is myn ambysje – ik referearje oan in resinsje yn Hjir – om in ‘sideslynder’ te skriuwen.’
Hy docht dan tuskentroch in ferrassende útspraak. ‘Der wurdt faak oars tocht mar it binne krekt myn Motorman-ferhalen dy’t foar my it meast autobiografysk binne.’
Syn twa romans ha beide in jonge manlike haadpersoan dy’t yn ûnbestimdheid ferkeart. Yn it earste boek, Rezineknyn, giet it om in skoaljonge, in puber. Yn Prospero om in njoggenentweintichjierrige muzikant. Dy haadpersoanen ha gjin idee yn hokker rjochting se it sykje moatte, op syn heechst kin men fan har sizze dat se sykjende binne. Rezinekyn en Prospero binne om sa te sizzen rjochtingleaze boeken, alhoewol’t de twadde dat wol minder is as de earste.
‘De ynset by Rezineknyn wie om my net te ferliezen yn in yngewikkelde plot. By Prospero soe alles út ’e kast. Mar dat waard in taai proses, dêr’t ik wol in protte fan leard ha. Ik woe tefolle. It earste boek gong eins fansels. Mar by it twadde boek waard de fraach nei in ‘bottom point’ needsaaklik. Mei it twadde boek moatst sjen litte oftst wat te sizzen hast of net.’
Prospero is útkommen yn ’e rige Fryske Modernen, do hast by it skriuwen begelieding hân. Hat dat foar dyn gefoel wat opsmiten?
‘Ik ha der in protte fan leard. Kinst it ferlykje mei Marco van Basten, dy’t op it heechste nivo dwaande is en yn alle falkûlen trapet, aanst mei Nederlân miskien gjin Europeesk kampioen wurdt, mar it trenersfak dan wol ûnder ’e knibbel hat. Troch it twadde boek ha ik pas sjoen wêr’t ik it oer hie. Ik wit no wat ik te sizzen ha, wat myn ding is.
Sykjende is der wat fûn? En dan no?
Wat is dyn ding dan? Bisto as skriuwer fierder as Marco Vandaan oan ’e ein fan Prospero?
Dy hat in lift krigen en dan einget it boek sa: ‘Ut en troch song de man in stikje mei de muzyk mei. Hy frege net wêr’t ik weikaam of wat ik útheefd hie. Op in stuit fertelde er oer syn wurk as kraanarbeider, oer syn frou en bern. Ik lei de holle tsjin it rútsje en leaude dat ik bûten, ergens hiel yn ’e fierte, ljocht baarnen seach.’
‘In noasje derfan is fûn. Sa as by Kafka, dêr’t ien hast wat heart. It twadde boek is fuortkaam út it earste en it nije sil in útfloeisel wurde fan de earste twa. Ik bin my der wol fan bewust dat ik in tredde kear net wer oankomme kin mei in tsjuster gat. Mar dat hat ek te krijen mei hoe’t ik no yn it libben stean, myn boeken en myn libben rinne wat dat oangiet parallel, der is in sterk ferbân.
Ik wol ynhâldlik oer it nije boek net folle sizze. Ik wol my frij fiele oan ’e ein ta, oant it boek klear is. By it skriuwen fan Prospero wie dat folle minder it gefal om’t ik skreau binnen in projekt. It útgongspunt wie in fan tefoaren ynlevere en goedkarde opset en troch it sitten yn in begeliedingstrajekt lit men al dingen sjen foar’t men der eins oan ta is. Dat wie in neidiel.’
Skriuwer yn it Frysk en yn it Nederlânsk
Rezinekyn en Prospero binne earst yn it Frysk ferskynd en dêrnei al gau ek yn it Nederlânsk, oerset troch dysels. Motorman is dûbeltalich, Frysk en Nederlânsk. Dy bondel is presintearre yn Amsterdam.
Motorman is ek dûbeltalich ta stân kommen. De iene tekst yn it Frysk, de oare yn it Nederlânsk. Ik ha no ek ien yn it Spaansk skreaun. Hoe ynternasjonaler hoe leaver. De oerferzjes fan Rezineknyn en Prospero ha ik trouwens yn it Nederlânsk skreaun.
Wolst beslist dat dyn boeken ek yn it Nederlânsk ferskine?
‘Ja, yn alle gefallen ek yn it Nederlânsk. De helte fan myn freonen kin it oars net lêze. As ik wer mei wat kom, sizze se yn Grins: ‘Het is toch in godsnaam niet in het Fries!’ Ik meitsje gjin ‘boereromans’, foar myn wurk is de Fryske wrâld te lyts. It is myn ambysje om yn ’e Nederlânske literêre wrâld in rol te spyljen. Ik hâld der fan om wat te weagjen. De holle útstekke, dat fyn ik moai.’
Mar sitst mei dyn oersettings net by in renomearre Nederlânske útjouwerij yn Amsterdam.
‘Nee, Rezineknyn is út kommen by de Grinzer útjouwerij Passage en de oersetting fan Prospero krekt as de Fryske by de Friese Pers Boekerij. Safier bin ik no. It is in proses.
Wêrom skriuwst noch yn it Frysk?
‘Dat is in dreech punt. It kostet in protte tiid. It hat te krijen mei idealisme, mar dat is net goed. It Frysk is de bân mei de wrâld fan dyn pake en dyn heit. As dy bân der net mear is… der spilet ek mei dat myn beide âlden al stoarn binne. Mar it giet dy wol troch de holle! Frysk skriuwer wêze is in probleem. Dat heart ek by it proses.
En wat betsjut de Fryske literêre wrâld noch foar dy?
Ik kom noch genôch jonge minsken tsjin dy’t der krekt sa as ik mei oan ’e gong binne, sa as Tsead Bruinja, Elmar Kuiper en Albertina Soepboer. De praktyk is dat Frysk en Nederlânsk tagelyk prima giet. It giet om ’e útwikseling. As it op dy manier bart is it foar my goed. En watst meinimst is dochs in stikje eigenheid. Foar mysels is it de manier.