
De krokus giet iepen. De hân giet omheech en komt del. It slachtoffer is de ûnskuld sels. Under de de ferblynjende sinne. Reek stiicht op út ’e púnheapen. Der wurdt socht mei it swit op ’e rêch. Twa stean tsjin inoar te razen. Der sneuvelt fan alles. Under de sinne, dy’t it libben der yn hâldt. It libben dat fermoardet, it reprodusearjende libben. De sinne ferdriuwt de nacht, it lampeljocht dat falt op it yn stikken snijde lichem, op ’e driuw om te pinigjen, te ferneatigjen, te deadzjen.
Wis, de krokus giet iepen, mar de frou dy’t foar de kamera de programmamakker frank en frij oansjocht, rêstich har krityk uteret. Dan seit se, dat se om yn in psychiatryske ynrjochting opsletten wurde te kinnen foar gek ferklearre wurde sil. Se is opsletten. De krokus giet iepen, wis, mar stel jin in massagrêf foar, de man dy’t sjit, de ferkrêftsjende man. De noch net fûne moardner. Hy stiet ek nei in krokus te sjen. Ja? En hoe?
De sinne twingt, de sinne ropt it op. De frou op it plein seit yn like ienfâldige as prachtige wurden wêr’t it op stiet, de skynbere frijheid. In frou hellet in jonge by har yn ’e hûs. De sinne twingt.