Henk Nijp

Lêste simmerdei

logo.ensafh

Wy ornearren dat wy de simmer hjoed wol útkonfoaie koene. No ja simmer…, mear wat in sneue parody op wat wy wend wiene de lêste jierren. Mar neffens de berjochten soe it noch even wêze dit wykein. It kaam lykwols allegearre wat let op gleed, wysels ek trouwens. It bleau mar griis en dampich. Tsjin middei kaam de sinne der dan dochs wat skruten by mar it fanatykste wie der wol ôf.
Mar dochs …, wy koene moai noch even op C oan om wat boadskippen en om, grif foar de lêste kear fan ‘t jier, by see te sjen. Nei alle gedachten wie der noch wol in strântinte iepen en koene wy dêr in ‘broadsje dit of dat’ krije. Wy setten by de camping útein oer de foarikker fan it boulân dat earder dit jier stiiffol sipels stien hie, it lei der alwer keal en neaken by. De ljurkjes yn ‘e wolken dy’t dêre fan ‘t maitiid noch sa fûleindich songen, wiene yn gjin fjilden of wegen mear te bekennen en swellen likemin. By de râne lâns, fia it wibelbrechje oer de sleat en dêrnei oer de hege dyk en fierder troch de kwetsbere U-polder. It sinusmeanen, meane yn slingerjende ‘paden’ om in part fan de fegetaasje foar oare jier te behâlden om ynsekten en oar lytsguod mear kâns te jaan, waard oan ‘e ûnwittende foarbygongers ferdútst op in fleurich ynfoboerd. De net wei te tinken ‘grote grazers’ (grutte weiders?) – in blonde fleisbolle mei dito kij en aardich wat neiteam – seagen even ferheard op, dat wy hiene de regels fan Hugo net nedich om op oardel meter te bliuwen. Uteinlik wiene hja ék net fan doel om tichteby te kommen; se kôgen tefreden fierder.
Nei in lyts healoerke wiene wy op it strân. It tilde der op fan de kuierders en de hûneminsken. In hantsjefol stoere swimmers hie in protte leven yn de sleauwe weagen mar se hiene lykwols al gau har nocht. Dochs wat te kâld wierskynlik.
De strântinte hie noch in moai plakje yn ‘e lijte. Op it terras hoegden wy de QR-koade net sjen te litten, sa stie op in grut skoalboerd skreaun. Foar de binnenromte wie sa’n kontrôle wol ferplichte. It wie hjir fansels Waku Waku net! Net in mins die dreech oer it koadegedoch. It wie yn de tinte sels sa goed as útstoarn. It pisjen koe allinne binnendoar mar dêr waard de koade dan wer net foar frege. Dat is blykber minder nuodlik. De kofje wie prima en it broadsje ek.
Nei de boadskippen makken wy it rûntsje ôf, it waar wierre noch wakker mei dat wy wiene rillegau werom.
De jûns kamen we noch by in pankoekhûs del en om’t de weromkuier ús dochs wer hongerich makke hie en it yn it restaurant net mâle drok like, setten wy de auto op it parkearplak oan de boskrâne. By de doar stie in meiwurker as in wat betommele skyldwacht de besikers op te heinen. Wa’t gjin QR-koade sjen litte koe, kaam der net yn. It stie dúdlik op it plakkaat op ‘e doar. En it famke hie de ûntankbere taak dy koades te tsjekken. Dat soks har moaiste klus net wie, koest oan har eagen wol sjen.
Wy mienden dat wy alles yn oarder hiene en lieten de telefoans sjen. Mar der moast ek in identiteitsbewiis by; in rydbewiis of in paspoart. Dat hie ik mar wat handich op myn telefoan ynscand, dan hie ik ommers alles moai byinoar! Mar nee, dêr koe de doarwachter net mei akkoart gean, it moast perfoarst in fysyk bewiis wêze, en foarskrift is foarskrift. Mar as wy dêr, neist de treppen, even wachtsje woene wie der aanst wol plak op it terras. Sûnder QR. Op syn heechst 5 minuten. Sa lang koene wy wol wachtsje. In bytsje apart wie wol dat der krekt nei ús in grutte ploech oankaam dy’t blykber reservearre hie en der wol sûnder mis yn mocht hoewol’t der ek in pear wiene dy’t de bewizen net yn oarder hiene. De pankoeken smakken lykwols bêst, dat wy ha it mar sa litten.
Doe’t wy nei it miel op hûs oan gongen en der even nei in oare stjoerder op ‘e radio socht waard, kaam Mariah Carrey mei ‘All I Want for Christmas’ al foarby…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *