
Cornelis van der Wal (1956) sil moarn, 14 oktober, op de alfde edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie te Brussel út syn wurk foardrage. Dy edysje is op 23 septimber iepene en wurdt op 21 oktober ôfsletten en alle wiken is der in programma.
It evenemint wurdt oars as ferline jier dit jier wer fysyk hâlden. Van der Wal is foar syn meidwaan bliid dat dat wer mooglik is. Hy hat trije dagen útlutsen foar in trip nei Brussel. ,,En it is ek de stêd fan Verlaine en Rimbaud, no?’’
De missy fan Transpoesie is om poëzij yn safolle mooglik ferskillende talen by it publyk te bringen. It evenemint yn de Europeeske haadstêd is opset troch EUNIC; in netwurk fan Europeeske nasjonale kultuerynstituten en ynstânsjes dy’t har dwaande hâlde mei kulturele aktiviteiten bûten de eigen lânsgrinzen. Yn tsien jier tiid ha der mear as 220 dichters, út alle dielen fan Europa, optreden. Mei it meidwaan fan Van der Wal is ‘Fryslân’ foar it fjirde jier efterinoar presint op it poëzijfestival – Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020, digitale edysje) binne Van der Wal foargien.
Van der Wal sil acht gedichten foardrage. Dy hat hy sels selektearre. ,,Der sitte ek in pear eksperimintele by. Ut myn lêste bondel’’, fertelt er. Dy gedichten binne oerset yn it Frânsk en Nederlânsk en wurde by syn optreden yn de oaren talen efter him projektearre. Oan syn dielname gie in seleksje foarôf. In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân), Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) en Janneke Spoelstra (dy’t dus yn 2018 meidie) keas út seis ynstjoerings syn gedicht Snie is in died fan ferset as Fryske bydrage foar Transpoesie. Van der Wal: ,,Dêr slút ik (it optreden, red.) mei ôf. Dat gedicht is eins ek noch wol in bytsje polityk. Oer de machthawwers.’’
De sjuery út Fryslân neamt Snie is in died fan ferset in melodieus gedicht dat it ûnderwerp byldzjend opfiert. Dat bart ‘troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette’. Nêst yn it Frânsk en Nederlânsk is it gedicht, dat bestiet út trije terzinen, foar Transpoesie ek al yn it Ingelsk oerset. It lient him lykwols ek foar oare talen en moat yn elke talige mienskip dêr’t men teminsten wit wat snie en wat macht is, begrepen wurde kinne en beklibje. De sjuery love dat de oandacht by elke kear lêzen earne oars nei útgiet en dat de lêzer der eltse kear wer nije betsjutting yn fine kin.
De yn Ljouwert opgroeide skriuwer/dichter Cornelis van der Wal debutearre yn de jierren tachtich yn de Fryske taal en literatuer. Yn 2016 kaam syn sande en oant no ta lêste dichtbondel út, Wolf yn harnas. Yn 2008 ferskynde fan him de novelle Kening Kees. Al yn syn middelbere skoalletiid skreau er science fiction en poëzy. Syn earste fersen en koarte ferhalen waarden fan 1982 ôf publisearre yn de tydskriften Hjir en Trotwaer. ,,Myn earste gedichten wienen yn it Hollânsk’’, sjocht Van der Wal werom op de tiid. ,,Ik haw it Frysk skriuwen net leard. Ik bin autodidakt, lykas de measte Fryske keunstners, skilders fral. Je moatte earst in hiele protte lêze, fyn ik, foardat je publisearje.’’
It wie it wurk foar de Fryske Akademy yn 1981 en 1982, dêr’t er omstaveringswurk die foar it Grut Frysk Wurdboek, dat him oantrune om ek ris wat yn it Frysk te skriuwen. Van der Wal: ,,Ik lies wolris wat dat yn it Frysk skreaun is. Op in gegeven momint lêze je wat en tinke je dat kin ik ek wol. Of, dat kin ik better sels. Om te skriuwen, luts my wol. Je moatte ek in bytsje eigenwiis wêze, oars wurdt it noait wat. En je moatte yn jesels leauwe.’’
It moat yn dy perioade ek west ha dat er foar it earst syn wurk foardroech. Poëzijjûnen, iepen poadiumjûnen, yn kafee it Anker. Mar ek yn De Harmonie. ,,Dêr wie ek noch Doede Bleeker. Mei it gedicht Bange kok in Bangkok. Wat in geniale titel is’’, djippet Van der Wal op. ,,Ik moat it fier weihelje. It is ek wol in bytsje benevele troch alle drank. Dat hearde dêr ek by.’’
Yn 1991 ferskynde In nêst jonge magneten by de Koperative útjouwerij, syn earste bondel. Dêrfoar wûn Van der Wal twa jier letter de Fedde Schurerpriis, de priis foar Frysktalige debutanten, dy’t no net mear útrikt wurdt. ,,In priis krije, is altyd moai, fansels’’, seit Van der Wal der oer. Mar ek befêstige de priis fan wat er grif sels al fûn mar wat er oant dan ta benammen ek leauwe woe. ,,Je wurde der wol in bytsje eigenwiis fan. Want der wienen doe ek wol minsken dy’t seinen ‘it is allegear niks, en ik begryp der niks fan’. En it is ek wol hiel moai om in boek te sjen fan jesels. Dan kinne je je echt dichter neame.’’
Net sa lang nei’t syn earste bondel útkaam, ferhuze Van der Wal nei Grins. ,,Ik hie myn nocht wat fan Ljouwert’’, leit er út. ,,Yn de galerij fan myn flat seach ik in ôfbylding fan in hûs yn Grins mei it opskrift ‘woningruil aangeboden’, dat like my wol in aardich húske ta. Ik kaam der al wol om te stappen.’’ Mei skriuwen gie er yn Grins ûnbehindere troch en in perioade fan hast tweintich jier hold er út Grins wei yn de gaten wat der yn Fryslân spile op it mêd fan poëzij, Fryske taal en kultuer. ,,Ik ha noch wol op it Frysk festival west. It wie yn ’e jierren njoggentich ek de opkomst fan Tsjêbbe Hettinga, dy’t ik yn de lytse kroechjes wol meimakke ha. Letter koe it my net safolle bekoare.’’ Yn 2009 ferhuze Van der Wal nei Snits en sûnt 2013 wennet er wer yn Ljouwert.
Nêst de skriuwerij hat Van der Wal altyd noch in bulte oare dingen dien. Sa wie hy webmaster/redakteur foar it literêre ynternettydskrift Farsk en is hy dat foar Ensafh. Mei dichter/kammeraat Anne Feddema makket hy ûnder de namme Duo von Däniken ynternetkabaret. Fierder bespruts hy oant 2011 poëzij foar it Friesch Dagblad. in soad fernoegen jout it him as er mei Anne Feddema nij materiaal makket. Van der Wal: ,,Anne hat meastal in idee. ‘Dan gane we even dit maken’, begjint it dan. Mar it wurdt altyd hiel wat oars. We meitsje de lêste jierren fral muzyk. Muzyk dy’t skreaun is troch Berend Folkertsma, dat wie in tragyske komponist. En dan moatte jimme mar ris útsykje wa’t dat wie. En oft dy echt bestien hat.’’
Ek yn syn literêr wurk is humor foar Van der Wal gauris de ynspiraasje foar en de basis fan in gedicht of tekst. ,,Mar dat slaan se wolris oer’’, seit er, heal gekoanstekkerich, doelend op besprekkers fan syn poëzij. ,,Se sjogge it der net allegear yn. Mar humor relativearret de boel wat.’’ It echte skriuwwurk docht hy net samar eefkes tuskentroch, of even in healoerke op in reinige middei. Van der Wal: ,,It is wol sa dat ik even de dei útkies om te skriuwen.’’ Boppedat skriuwt hy it leafst jûns. ,,Oare dingen kinne wol oerdei. Mar poezij is foar jûns. Ik bin net ien dy’t mei in notysjeboek omrint. It moat gewoan dêr op it skriuwplak barre. Dan set ik der earst mar in wurd op. ‘De’, of ‘it’.’’

Cornelis van der Wal. Foto: Tsjomme Dijkstra
Op it stuit is er dwaande mei syn achtste dichtbondel, fertelt Van der Wal. ,,As it goed is, komt dy oar jier út. Dizze hjerst en winter sil ik him ôfmeitsje.’’ Van der Wal lit oer de ynhâld fan de bondel dêr’t er oan wurket witte dat er behoarlik ynspirearre is troch de persoan en it wurk fan de Dútske dichter Friedrich Hölderlin (1770-1843). ,,Dy is letter gek wurden. Dat fyn ik altyd wol moai, soks. Hy waard doe opsluten yn in toer. Dus de titel fan de bondel is ek: de toer.’’
Wat der presys wie mei de dichter Hölderlin, is op grûn fan oerlevere ynformaasje net oertsjûgjend te sizzen. Bekend is yn elts gefal dat dy yn 1806 yn in psychiatryske ynrjochting telâne kaam en dat er in jier letter wer fuortstjoerd waard, om’t er ‘ûngenêslik siik’ ferklearre wie. Hy waard doe yn ’e hûs helle troch de famylje fan de timmerman Ernst Zimmer. Dy soe him leafst 36 jier lang om him bekroadzje, oant syn dea yn 1843. Yn de toer fan it hûs dêr’t hy in eigen keamer hie wie Hölderlin in soad fan tiid oan it pianospyljen en op en del oan it rinnen yn syn keamer. Ek skreau er hiel wat ôf – foar it grutste part ûnbegryplike flarden tekst, mar inkeld ris ek noch in folslein gedicht.
,,Ik bin ek noch wol mei proaza dwaande. Mar dat is wat fan lange azem’’, fertelt Van der Wal. Ik wurkje oan in ferhalebondel, dy komt oer in pear jier út. Der is ek in ferhaal by oer Simke Kloosterman. Mar dêr betink ik fansels wer fan alles by.’’
Dat der ek bûten Fryslân ynteresse is foar de poëzij út de regio, hie Van der Wal al foar Transpoesie fernommen. Yn 2019 binne der bygelyks oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renomearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre. En yn juny fan dit jier is op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de Deensk/Fryske dichtbondel Oar Hûs / Et Andet Hus presintearre, mei dêryn njonken gedichten fan Van der Wal ek gedichten fan Geart Tigchelaar, Syds Wiersma en Elmar Kuiper. Beide oangelegenheden wienen eins it gefolch fan in bysûnder kontakt tusken Fryske en Deenske dichters. Mei syn kollega’s Tigchelaar, Wiersma en Kuiper foarmet Van der Wal de Fryske gelegenheidsformaasje Reade Runen. Van der Wal: ,,En Reade Runen hat betocht dat we wol nei Denemarken ta koenen. Geart wie dêrfan de oanjager.’’
Tigchelaar kaam in pear jier lyn al gauris yn Aarhus, soms wie hy dêr langere tiid om te skriuwen. Hy learde by dy besites in aardich wurdsje Deensk en krige fia it Aarhus Litteraturcenter, dat him holp, kontakt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. Nielsen, dy’t yn it ramt fan in Kulturele Haadstêd-projekt yn 2018 alris yn Ljouwert west hat, brocht Tigchelaar yn kontakt mei syn Deenske kollega’s. Sa ûntstie it idee om mei noch in oantal Fryske dichters nei Denemarken te gean, en dêr op te treden én om in twatalige bondel gear te stallen. Yn 2019 teagen de Reade Runen foar de earste kear nei Aarhus. Ofrûne simmer ha se werom west om de bondel dêr’t se yn de tuskentiid yn beide lannen oan wurke hawwe te presintearjen. En de Reade Runen hawwe de smaak te pakken. ,,We wolle ús net ta Denemarken beheine. Der binne no ek kontakten mei Súd-Afrika’’, seit Van der Wal. ,,Se woenen yn kontakt komme mei Fryske dichters. Hiel konkreet is dat allegear noch net likegoed. En de lêste kear dat we yn Denemarken wienen ha we ek noch praat mei ien út Parys. Dy hie ek in literêr kafee. Dus we wolle de wjukken wol útslaan.’’
Noch eefkes werom nei it festival yn Brussel. As der no ien ynternasjonale stêd is dy’t Europeeske ynteraksje en útwikseling tajubelet… ,,Ik ha ien kear earder yn Brussel west. Dat koe my net sa bekoare’’, seit Van der Wal. ,,Doe reinde it ek ferskriklik. Dat ferpeste de sfear ek wol wat fansels. Ik ha der no wol sin oan. Ik bin bliid dat ik der sels hinne kin. Der even bin.’’ Oja, en de dichters Verlaine en Rimbaud en Brussel, hoe sit it ek alwer? Van der Wal: ,,Verlaine hat Rimbaud dêr sketten. Ek yn in hotel.’’
,,Ik haw noch sjoen oft der no fierder ek noch wat te rêden is yn Brussel. Mar ik koe noch net safolle fine foar dzze wike’’, seit er. Likegoed tinkt Van der Wal dat er him wol in pear dagen fermakket yn Brussel. En ek lit er troch Transpoesie in lyts spoar, in oantinken oan syn dielname, efter yn de stêd. ,,Der komt noch in stik tekst fan myn gedicht yn de tram neffens my.’’