Geart Tigchelaar

frij spul

logo.ensafh

 

 

 

frij spul

I

de wyn hat frij spul
seist it is net de wyn
mar de geast dy’t frij waret
rattelet nachts oan skoattels
kriget nearne útfanhûzersplak
al stiet er by elke homeie
op wacht
seit moarns fatsoenlik goedei
stapt yn syn golfke en blaast
rjochting eachein oftewol
alles súd fan dokkum

II

de see hat frij spul
seist it is net de see
mar it hert dat opkomt
him weromlûkt
by skimertsjuster opwâlet
en mei krêft him wart tsjin
dyk en ferbod
wer fuortebbet in laachje
slyk en wat los sân
ûnder dyn learzens
is dêr’tst it mei dwaan moatst

III

it grien hat frij spul
seist it is net it grien
mar de siel dy’t widzet
yn alle wynstreken
oars net as rûzje
licht weagje mar nea
fan ’t plak dêr’tst de lodde
yn ’e klaai setst hearst
in gjalp djipper
dolt it net
fierder is der neat dat rikt

4 reaksjes op “frij spul

  1. De minske hat frij spul
    Seist it bin net de minsken
    It is de leafde dyst fielst
    Dyt omearmet dy, mei en foar eltsenien
    De geast, it hert en de siel
    Werom op it paad nei juster en moarn
    Wanneer moetsje we elkoar wer?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *