Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 25

logo.ensafh

De libbensbeam fan de Fryske literatuer:

‘En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe. Krekt, de debutanten.’ (Edwin de Groot)

‘Mar fansels bin ik wol besibbe
oan it dei fan in bakker’ (Teije Idzardi)

‘De krokus giet iepen, wis, mar stel jin in massagrêf foar.’ (Piter Boersma)

‘Sa prakkesearjend oer deistige wichtige saken kamen der mear âlde reklamefigueren boppe driuwen dy’t sa wer fertuten dwaan kinne!
It begjin fan in hype?’ (Willem Winters)

‘Wat sjoch ik? Wat myn fingers op it skerm tsjoend ha.’ (Skermer)

‘De sykte fan de minske, neffens de Gita, is dat er him meisleure lit troch syn gedachten en syn winsken, troch syn wil, troch de dingen dêr’t er syn sinnen op set. Alsa is de minske in slaaf, in ferslaafde, in junky fan syn eigen gedachten, emoasjes, weardeoardielen, morele ferûntweardiging, obsessy mei gelykhawwerij, mei jild, mei macht, mei it lijen fan oaren, mei it lijen fan himsels, mei wraak, mei genot … sjoch yn josels en fyn út wat jo swakten binne.’ (Eric Hoekstra)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *