
Ik nim myn taflecht ta it boek Straw Dogs. Thoughts on Humans and Other Animals fan de Ingelske filosoof John Gray. Sa net, ik lês it yn it Nederlânsk en ik sitearje der wer út yn it Frysk. Ik stap fan wolk op wolk en dat wylst ik it even net wit. Ik moat goed útsjen, my konsintrearje. As sit ik achter it stjoer.
Yn it haadstik ‘Wierheid en gefolgen’ stiet:
‘Humanisten leauwe dat wy, as wy ien kear weet ha fan ’e wierheid, frij wêze sille. Troch dat te befêstigjen ferbyldzje se har dat se wizer binne as tinkers út earder tiden. Feitlik binne se yn ’e greep fan in fergetten religy.
It moderne leauwe yn wierheid is in oerbliuwsel fan in âlde leauwensoertsjûging. Socrates basearre it Europeeske tinken op it leauwe dat wierheid ús frij makket. Hy twivele der nea oan dat kennis en it deugdsume libben meiinoargean. Hy joech dat leauwe oan Plato troch, en dêrmei oan it kristendom. It resultaat is it moderne humanisme.’
En even fierderop:
‘Yn de striid om it fuortbestean is in foarkar foar wierheid in lúkse – of oars in ûnfermogen:
allinne
kwelde minsken wolle wierheid
De minske is as oare bisten,
wol iten en sukses en froulju,
gjin wierheid. Utsein as de geast
kweld troch in ynderlike spanning
de hope op gelok opjûn hat:
dan hatet er
syn libbenskouwe en siket fierder.’
Yn it haadstik ‘Gnostyk en Cybernauten’ lês ik:
‘De cybernauten fan hjoeddedei binne ûnwittende gnostisi. De flecht út ’e finzenis fan it fleis is de essinsje fan de gnostyske ketterij dy’t, nettsjinsteande de net ophâldende ferfolging, ieuwenlang binnen de kristenheid hoekhold, en dy’t oant hjoed ta trochlibbet yn de mienskip fan de Mandaeërs yn Syrië. Foar gnostisi is de ierde in finzenis foar sielen, dy’t net troch God regearre wurde – en faaks likemin skepen -, mar troch in demiurch, in kweade geast dy’t minsken ta de finzenskip fan it fleis ferlate troch har de skientme fan de wrâld sjen te litten.’
It lêste koart mar krêftige haadstik fan John Gray syn boek hyt ‘Ienfâldich te sjen’ en sitearje ik hielendal:
‘Oare bisten ha gjin doel yn it libben fanneden. It minsklike bist, yn tsjinspraak mei himsels, kin lykwols net sûnder. Wêrom soene wy der net fan útgean dat de sin fan it libben ienfâldich is om te sjen?’
Wat sjoch ik? Wat myn fingers op it skerm tsjoend ha.
Okee. Ik sil der oer neitinke.