
Wolle jo fluch in sprekwurd hawwe mei it wurd ‘foet’ deryn? Of wolle jo witte oft der ek gaadlike synonimen binne foar ‘klear’? Earder wie it gauris gâns in sykjen ear’t jo besette koene dêr’t jo ferlet fan hiene. It nije webstee Frysker.nl makket it in einhinne makliker.
Frysker.nl is makke troch de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dat wittenskiplike ynstitút foar Fryske taal, kultuer en skiednis hat earder al it webstee taalweb.frl makke. As Frysker.nl klear is, sil taalweb.frl lang om let ferdwine.
Guon bekende ûnderdielen fan taalweb.frl binne op Frysker.nl ek werom te finen. De ‘foarkarswurdlist’ stiet der wer op, ûnder it kopke ‘Sykje’. Dêr kin men yn fine oft wurden skreaun wurde neffens de offisjele regels en oft se hearre by de wurden dy’t de Fryske Akademy as ‘Standertfrysk’ oanwiisd hat.
Dat lêste wie net elkenien it mei iens. Sjoernalist, skriuwer en Gysbert Japicxpriiswinner Abe de Vries skreau fan ‘t wike al yn it Frysk Deiblêd dat de Fryske Akademy de Friezen te direktyf de eigen foarkar opleit. De Vries makket diel út fan in grutte groep minsken dy’t har al jierren tsjin it oplizzen fan nije regels foar it Frysk fersette.
Lês fierder by It Nijs