
Op ‘e radio gong it oer gemyske brânwûnen, skroeide netfluezen, losrekke fingerseinen en geduerich piipjende earen. It is wer novimber, guon krije it dan op ‘e heupen en oaren hiene dêr fan ‘t hjerst al folle earder lêst fan. In jierliks weromkommend ritueel is it. De earste hûnderten kilo’s oan yllegale fjoerwurkpakketten binne dan alwer troch de plysje ûnderskept en dêrmei wurdt de fjoerwurkdiskusje op ‘e nij yn it skynljocht setten. As oft wy noch net mei genôch drege diskusjes oanklaud sitte…
Oan it wurd wie in eachsjirurch dy’t de neidielen en gefaren fan de kobra’s, de fonteinen, de single shots, fjoerpylken en neam it fierder mar op noch wolris út ‘e doeken dwaan woe. Hy rekkene foar, wat der allinnich al oan soarchkosten de loft yn sketten waard. En no’t de sikehûzen wer oant de naal ta fol lizze mei sike al of net faksinearren en it soarchpersoniel der ûnderstrûpt, kinne der gjin (folslein ûnnedige) slachtoffers by, ornearre hy. Ik fûn dat er in punt hie.
De jûns derfoar siet der in fûleindich foarstanner fan ‘e knallerij yn ien fan ‘e praatprogramma’s. Hy wie oant yn it djipst fan ‘e siele rekke troch it nije fjoerwurkferbod fan De Haach, sa joech hy foar. No waard it him al foar de twadde kear op rige ôfpakt. Hy hie der rjocht op en hy net allinnich, hear! It gong noch krekt net oer tribunalen, mar hy hie wol allerhande net nei te kommen redenaasjes oer fjoerwurkskea en al dy minsken mei letsel om Ald en Nij hinne; dat wie ommers mar krekt hoe’t je der nei seagen… en sifers, ja, sifers seine him net safolle. De oare praattafelgasten hiene temûk wat wille, de man prate himsels aardich fêst, mar hie dat sels net yn ‘e gaten. Wat er no sa moai fûn oan al dat knalgeweld is troch al syn argewaasje eins net dúdlik wurden.
De fjoerwurkbrânsj is ek troch alles hinne om dat ferbod, in poerlilke fjoerwurkferkeaper: “Als je de zorg wilt ontlasten moet je ook stoppen met fietsers, scooters en auto’s, want daardoor belanden veel meer mensen in het ziekenhuis!” Tsja,… folsleine lockdown dan mar? In oare pyro-hanneler mei wat in krompen lontsje: “Het is een klotezooi,.. het was een grafstemming. Wij zijn allemaal terneergeslagen en worden er emotioneel van.”
Tiden hawwe tiden, miskien wurdt it tiid om ris út te sjen nei in oar fertsjinners-model. Wêrom yn ‘e goedichheid soene je winst meitsje wolle mei de ferkeap fan mortierbommen, lawinepylken, caken en oar knalguod as dêr sa’n soad ellinde mei anneks is. Want neffens it bûn fan assuradeurs feroarsake dat knalguod tusken 2008 en 2017 alle jierwiksels yn Nederlân tusken de 12 en 21 miljoen euro skea oan gebouwen en auto’s en sa’n 1300 ferwûne minsken de jierwiksel! De oergong fan 2019 nei 2020 levere in skea op fan 15 miljoen, en ferline jier (20/21) wie dat samar sakke nei 6 miljoen.
Troch it lanlike fjoerwurkferbod mei 9 miljoen skea en mar (!) 385 ferwûne persoanen. Flink minder, mar noch altyd fierstente folle fansels.
Undernimmers wolle ûndernimme, binne út soarte kreatyf, ynnovatyf, moatte sa no en dan risiko’s nimme; se binne net sa gau fan ‘t waar, dat hear ik alteast wol gauris as se oer harsels oan it wurd binne, dus soe ik sizze: fyn wat oars út, betink in list! In pear jier fierder en de fraach fan de fjoerwurkkonsumint is ferwurden ta fynstof. Want de miljeuskea troch al dy knaltroep hat hjir noch net iens oan ‘e oarder west. Yn dizze tiden fan ‘e klimaatkwestjes kinne je dochs net mear mei iepen eagen en in bytsje sûn ferstân sa’n bulte troep de loft yn sjitte.
Noch wat sifers – al sil de diehard knaloanbidder de skouders dêr wol by oplûke: yn ‘e earste oeren fan 2020 wie de konsintraasje fynstof yn ‘e loft 33 kear heger as gewoanwei, yn De Haach sels 100 kear heger! Je sille mar longpasjint wêze dêre… De skealike stoffen yn de net-ferbaarnde resten fan fjoerwurk en yn dy lytse snippers dwarrelje del en komme op en yn ‘e grûn telâne. Yn oerbliuwsels sitte swiere metalen as koper, barium, strontsium, en soms ek cadmium. Allegearre stoffen dy’t tige skealik binne foar minske en dier. Koper is yn hege konsintraasjes by útstek giftich foar bisten en planten dy’t yn it wetter libje. Geandewei slûpt de fersmoarging it oerflaktewetter yn en sa bringt it fjoerwurk lang om let in moaie fracht swiere metalen it miljeu yn. Dy wurde net ôfbrutsen troch biologyske prosessen en bliuwe dus foar altyd oanwêzich. Likernôch 18 prosint fan alle koper yn it oerflaktewetter komt troch fjoerwurk! Ophâlde dus mei dat sinleaze gedoch.
Ja, mar ús tradysjes dan, wurdt ús al wer sa’n prachtich âld gebrûk ûntfytmanne! Ik sis nochris: betink wat oars, dan ha wy ek net mear oant djip yn ‘e maitiid lêst fan dy smoarge, readbrune wiete kartondridze op ‘e dyk en oan ‘e skuon. Opblaze dy hannel! En alfêst in moaie âldjiersnacht tawinske.