Oene Spoelstra

Diogenes yn Ljouwert (fragmint)

logo.ensafh

(Dit is in priuwke út it besprek fan Oene Spoelstra fan it boek Libje goed – Op nei de tonne fan Eric Hoekstra, in ferslach fan it in wikelang trochbringen – nei it foarbyld fan de Grykske filosoof Diogenes – yn in tonne dy’t by boekhannel Van der Velde oan ’e Nijstêd stie en fan ’e moannen dy’t der oanfoarôf giene. It hiele besprek ferskynt ein febrewaris/begjin maart yn Hjir (nû. 1, 2008)).

Fan moandei 1 jannewaris 2007 oant sneon 7 april 2007 (de lêste tonnedei) hâldt er in weblog by. De wrâld kin sa fia it ynternet de oanrin folgje ta it tonne-eksperimint en de wederwaardichheden dy’t de skriuwer oerkomme en dy’t him troch de holle gean. Dy weblogs binne yn 2007 by Bornmeer útjûn as boek, mei de titel Libje goed – Op nei de tonne.

Libje goed is in boek dat jo net besprekke kinne as wie it in roman of dichtbondel. Essays kin men it ek net neame. Eric Hoekstra hat sels ris yn in ynterview yn ’e Ljouwerter krante sein in boek is allinne mar nijsgjirrich om de filosofy dy’t ymplisyt yn elk boek sit. As men yn dit gefal dy gedachtegong folgje soe, soe der in dreech essee ûntstean mei fragen as: wat sprekt Eric Hoekstra sa oan yn ’e literatuer út ’e klassike âldheid? Wat hâldt syn maatskippijkrityk en syn oprop fan ‘Libje goed’ no krekt yn? Mar ek: is er in synikus yn ’e oarspronklike Grykske betsjutting en wat is yn dizze samling weblogstikken werom te finen fan syn grutte learmaster Nietzsche? Sa kin men it besjen, mar dat is it lêste wat by dit boek past. Wat jo ek fan Eric Hoekstra tinke meie sa’t er yn dit boek oerkomt (erudyt, boartlik, sosjaal), Libje Goed is in fleurich en licht boek.

In protte wurdt dêrom krekt oanstipt en fuort is it wer. Dat is eigen oan ’e kar dy’t dien is om fan alle dagen in ferslach út te bringen. Mar de lêzer dy’t graach mear djipgong wol, wurdt teloarsteld. Yn dit gefal kin dat net oars, mar men wurdt wol prikele troch de erudysje fan Hoekstra, dy’t no syn gerak net krijt. Allinne yn in tal aforismen dy’t troch de tekst hinne breide binne, krijt men wat mear de skriuwer as filosoof te sjen. Hoekstra soe foar my dêrom noch wolris in boek skriuwe meie sa’t Nietzsche dat dien hat yn Morgenröte: koarte aforistyske teksten sûnder al te folle oare omballingen. Yn Libje Goed wurde safolle ûnderwurpen oansnijd, dêr kin de filosoof Hoekstra maklik in boek mei folje.