
De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende yn-stellingen fan ’e moarn harrenhantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.
Lês fierder by RTV Noordoost