
De beam rûgele noch krekt net genôch om derút, mar it ljocht fan de stjer foar it rút kaam al net mear oan en Chris Rea wie al lang wer ûnderweis foar it wurk. De krystdagen sieten der wer op. Fan it krystmiel wie noch in moai protsje oer. Eins hiene wy earste krystdei al te folle hân en waar om in slach om wie it ek net; griis, dampich, eastewyn en glûpende kâld. Wêr’t it idee fan in ‘Witte Kerst’ weikomt… As wy de tv-reklamespotsjes leauwe moatte, wurde winkelweintsjes yn dy snuorje selsridende Tesla’s, longerjend nei wat waarmte en is de ein fan desimber altyd ferpakt yn in tsjokke snietekken. Mar ik moat wol in hiel ein werom dolle foar’t dy twa gearfalle; snie en krysttiid. Dat twadde krystdei ha wy it iten mar min of mear oerslein.
Om’t de bernsbern noch lang net nei skoalle hoegden, koene dy nei de feestdagen moai even in hoartsje by pake en beppe útfanhûs. Even wat oars as thús op ’e bank. Rutte en De Jonge woene ha dat pakes en beppen by de bern weibleaunen mei de krystdagen, mar dy hiene wy no wol hân. En de booster moast syn wurk mar dwaan. De fakânsje soe noch lang genôch duorje, de kâns op ferfeling nimt dan ta mei de faasje fan de fersprieding fan in nije firusfariant yn it net yninte part fan Dantumadiel. No binne der stúdzjes en psychologen dy’t pleitsje foar regelmjittich in skoftlang omhingje en ferfele, dat fyn ik op himsels prima, mar dan wol graach yn it eigen hûs. Feroaring fan boarters- en nifelguod jout even wat oare ferdivedaasje en stelt it ferfelingssiedpunt noch in skoftke út. Mar de hiele dei kleurje en klaaie, bouwe en spultsjedwaan hâldt net ien fol, boppedat wie de tablet thús lizzen bleaun. En Netflix dogge wy net oan, dat witte se wol. Dat doe’t de middeis de sinne einliks dochs noch drige troch te brekken moasten wy mar even in loopke dwaan en om in frisse noas. De waarme jassen oan en de krystmûtse op fansels. En der moast wat oerbleaun bôleguod mei, foar de einen. Dat is hjir fêste prik, altyd even bij it wetter del om de einen te fuorjen. Soks is noch wat in attraksje, as se fjouwer, fiif binne. Súkses fersekere. Benammen dy iene jerke, dy’t de hiele kliber einen alle kearen wer efternei jaget en oerémis makket, soarget foar ekstra spanning. Ik bin bang dat it eintsjefuorjen skielk, as wy wat fierder yn ’e tiid binne, gau oer is.\
Der wie net in kop op ’e dyk en dat kaam wier net fan de covidmaatregels. Doe’t wy by it spoargat oankamen, wie der net in ein te sjen, útstoarn. Allinne de wyn yn ’e reiden rûze wat en in hiel ein fierderop stie ien drôve ielreager iensum en dûknekkich yn ’e sleatswâl te stean. Dat foel dus wat ôf, ornaris tilt it dêr op fan it wetterwyld. Kaam it faaks troch it tinne laachje iis? Wy lieten de moedfearren lykwols net sakje, der is mear wetter yn it doarp, eartiids is dêr in hiele nijbouwyk rap mei fol rekke: ‘Wonen aan water!’ By it heechhout fierderop oan it Jaachpaad wie wat mear beweging yn it wetter. Ja hear, der dreaune in pear einen en der skokte in merkel wat hinne en wer. Wêr wie de rest? Wy gongen der fluch, mar hoeden, op ôf om de fûgels net skrikke te litten. Der soene grif wol mear komme. As doarpseinen yn ’e gaten ha dat der wat te heljen is, komme se meastentiids as de wjerljocht en lûd snetterjend op dy ôf. Se hingje dy dan heal yn ’e broeksboksen; fielst dy as in Freek Vonk op safari. Ast der net om tinkst geane se noch mei de bôlepûde oan ’e haal ek. Dat fine de bern dan hiel spektakulêr, mar se binne der ek bêst wol wat benaud foar.
Mar no barde der neat, hielendal neat. De bisten dobberen midden op it noch iepen wetter en bleaune dêr, hja seagen net op of om. De bôlekoarsten dy’t wy yn ’e rjochting fan ’e einen smiten hiene, waarden net oanrekke en dreaune stadich wer werom ûnder it heechhout troch. De einen negearren ús folslein, draaiden ús sels de kont ta, as wiene wy lucht. Grif te folle iten hân mei de krystdagen.